FIDEO: Supporters sette spilers mei fjoerwurk en fakkels op skerp foar Cambuur-Hearrenfean
Lêste training foar derby Cambuur-Hearrenfean
De lêste trainingen fan SC Cambuur en sc Hearrenfean yn oanrin nei de Fryske derby fan snein binne manmachtich besocht. Tûzenen fans kamen op de trainingen ôf.
De supporters besochten de spilers fan harren favorite klup op skerp te setten mei fjoerwurk en fakkels.
De wedstriid tusken SC Cambuur en sc Hearrenfean set snein om 12.15 oere útein. It duel is live te folgjen op de radio yn in ekstra sportprogramma fan 11.00 oere ôf.
De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen en de analisten binne âld-Hearrenfeantrainer Johnny Jansen en Cambuurikoan Sandor van der Heide.