Henk de Vries (It Fryske Gea) oan polityk: "Kwaliteiten Noard-Nederlân heech yn it findel hâlde"

© Omrop Fryslân
"Wat wolle we mei it bioferskaat, mei it klimaat, mei de lânbou, de enerzjy, de berikberheid? As je sjogge nei watfoar oerflakte dat allegear freget, dan ha je oardel kear hiel Fryslân nedich." Net alles kin, wol It Fryske Gea-direkteur Henk de Vries mar sizze.
Acht noardlike natuer- en miljeu-organisaasjes, wêrûnder It Fryske Gea, lieten dizze wike fan har hearre mei it rapport 'De kracht van het Noorden'. Doel dêrfan wie om it Noarden útgean te litten fan de eigen krêft. En dus net 15.000 ekstra hûzen yn Fryslân bouwe as ûnderdiel fan it 'Deltaplan voor het Noorden', in plan dêr't ek de Lelyline ûnderdiel fan is.
De plannen foar it treinspoar sels - tusken de Rânestêd en Grins, mei tuskenstop yn Drachten - is net it grutste probleem foar de natuerorganisaasjes, mar wol de ekstra hûzen dy't yn de plannen fan ûnder oare it Ryk en de provinsjes steane. Neffens De Vries soenen dy hûzen benammen in probleem oplosse dat yn de Rânestêd spilet.
Henk de Vries leit de krityk op de plannen foar hûzebou út: "Je moatte útgean fan de kwaliteiten dy't Noard-Nederlân hat"
"We ha neat tsjin de bou fan hûzen, lit dat helder wêze", seit De Vries. "Mar sa'n programma fan hûzen sa't dat yn it Deltaplan voor het Noorden stiet, dat komt oer as soe hjir allinnich mar leechte wêze en soenen hjir wanhopige minsken wenje dy't in ekonomyske ympuls nedich ha."
De Vries - en dy acht natuerorganisaasjes - wolle ôf fan dat byld. It Noarden moat útgean fan eigen krêft en bewarje wat it Noarden sa moai makket.
Ekstra hûzen passe dêr net yn.
Henk de Vries (It Fryske Gea) oer de kwaliteiten fan Noard-Nederlân
"Dan giet it om rêst, romte, kwaliteit fan it lânskip en de natuer. Untwikkelje no de kwaliteiten fan Noard-Nederlân en dus ek Fryslân, wêrmei't we goed de takomst yn kinne en wêr't de minsken gelokkich fan wurde. Ekstra hûzen passe dêr net yn."
Yn de takomstplannen sjogge de natuerorganisaasjes in grutte rol weilein foar de lânbou, dy't dan wol feroarje moat nei in bedriuwsfiering wêryn't folle mear romte is foar de natuer as no. De natuerorganisaasjes wolle graach mei de lânbousektor gearwurkje om dat foarelkoar te krijen.
It is net tafallich dat de organisaasjes krekt no - yn de oanrin nei de Steateferkiezingen - komme mei harren plannen. Se hoopje dat de politike partijen wat dogge mei it statement.
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Henk de Vries.
"Ik hoopje yn alle gefallen dat de partijen de kwaliteiten fan Noard-Nederlân heech yn it findel hâlde", seit De Vries. Mar wat er noch folle wichtiger fynt, is dat de oerheden 'de boustiennen' dellizze foar in takomstbestindich Nederlân. Dêrby giet it ûnder oare om de oanpak fan de stikstofproblematyk.

Fûgelhoeke set part Súdwest-Fryslân op slot

Ien plak dêr't dy problematyk spilet, is de Fûgelhoeke, flak boppe Himmelum, yn Súdwest-Fryslân. Dêr leit in stikje feanmoskreidlân fan minder as in bunder. Dat stik hie al de status fan in Natura 2000-gebiet, mar de grûn wurdt no ek oantsjut as stikstofgefoelich. Dat soarget derfoar dat in gebiet fan 30 kilometer om it lân hinne no 'op slot' komt.
"Dat fine wy ek ferfelend", seit De Vries. "As It Fryske Gea binne wy it hartstikke iens mei de beskerming fan stikstofgefoelige natuer, want dat is ek hiel bot nedich. Mar dit is mar sa'n lyts gebietsje, wylst de gefolgen foar Súdwest-Fryslân hiel grut binne."
It stik feanmoskreidlân fan de Fûgelhoeke is net iens hiel goed ûntwikkele, seit De Vries
De Vries tinkt sels dat dit net de bedoeling is fan de regels dy't de natuer beskermje moatte. "Yn dit gefal ha ik it gefoel dat it wat 'over the top' is. De regels doge, natuerbeskerming is ek belangryk, mar dit is skande."
Boppedat is it gebiet dêr't it no om giet ek wer net sa weardefol, jout De Vries oan. "Dit is mar sa'n lyts gebietsje, dat rêdt himsels wol. Ik soe leaver sjen dat it feanmoskreidlân ûntwikkele wurdt op plakken dêr't it folle mear kâns hat om te groeien."
It Fryske Gea wol polarisaasje yn it stikstofdossier foarkomme
De regels dy't de natuer beskermje moatte, roppe ek wjerstân op, bygelyks omdat se it grutskalich buorkjen der net makliker op meitsje. It Fryske Gea sjocht dêr in rol foar himsels, troch de boeren it doel fan it belied út te lizzen. Guon boeren spylje ek in wichtige rol by it natuerbehear.
Mar yn it gefal fan de Fûgelhoeke is dy útlis net ienfâldich, ek omdat It Fryske Gea dus sels de regels ek net altyd like logysk fynt. Dat hat de organisaasje ek oanjûn yn Den Haag. "Wy fine dat minister Van der Wal hartstikke goed dwaande is foar de natuer. Mar hjirmei falle we har wol wat ôf, dêryn moatte we balansearje."
Fan op 'e tong bite is lykwols gjin sprake. "We sizze wat we derfan fine, we sizze oprjocht wat we miene. Men snapt hiel goed hoe't wy deryn steane."
De cartoon dy't Gerco van Beek makke hat © Omrop Fryslân