Jongeren tinke nei oer Fryslân yn 2035: "Wy hawwe deselde stip op de eachein"

De jongelju fan no binne de 'bepalers' fan moarn. Dêrom moatte se no al neitinke oer hoe't de wrâld der dan útsjen moat. 'Generatie Fryslân 2035' hat in manifest skreun dat dêrfoar as paadwizer tsjinnet.
150 jongelju út ferskate regio's en fan allerhanne bedriuwen yn Fryslân kamen mei-inoar op in gearkomste om it manifest te presintearjen. Boubedriuwen, gemeenten, provinsje, soarch, neam it mar op. Se binne allegear fertsjintwurdige troch jongleju tusken de 20 en 35.
Hoe't Fryslân der neffens dizze generaasje dan útsjocht oer tolve jier? Nick Boersma fan de organisaasje leit it út: "In stik wylder, dus mear natuer. Wy moatte mear nei bûten. We moatte ynklusiver wêze, mear nei inoar omsjen. Dat fine wy tige wichtich."
It moat ek duorsumer, fine se. "Tink dêrby oan duorsume enerzjy, mear ynsette op sirkulêr en it besykjen om ôffal te ferminderjen."
"Wat betsjutte foar Fryslân"
Al earder binne ferskate jongelju byinoar kaam om te praten oer de doelen foar 2035. Der hawwe ferskate netwurkmominten west. "En dat netwurk wurdt no in feriening. Wy binne echt in jong netwurk dat groeie wol en dat him hiel graach ynsette wol foar duorsume ûntwikkeling. Yn de bedriuwen dêr't wy no wurkje, mar ek yn de regio. Wy wolle wat betsjutte foar Fryslân."
It manifest moat in soarte hantlieding wurde, sadat de minsken dy't har hjirby oanslute mei deselde gedachte har wurk ynfolje: "Wy binne jonge minsken, krekt oan it wurk. Wy sjogge ús groeien, ek yn organisaasjes. Dus wy komme yn de takomst hieltyd faker op de plakken dêr't besluten naam wurde."
Dêr wol de jongerein him dan ek op rjochtsje. "Wy kinne inoar no al en hawwe no al deselde stip op de eachein. Dat ferbynt en dat jout ek in soart aksje."

De 150 jongelju op de presintaasjejûn hawwe meast hege opliedingen folge en hawwe in in goed byholden LinkedIn-pagina. In soad fan har wurkje by ynstânsjes en oerheden op it mêd fan duorsumens en ynnovaasje. De feriening is fan doel om ek oare doelgroepen te berikken. Mar dat liket foarearst noch in syktocht.
"Dêr wolle wy hurd oan wurkje. Je begjinne faak mei minsken dy't je al kenne. We wolle no dat dat folle breder wurdt. Wy sjogge dat der in soad organisaasjes entûsjast binne om mei te dwaan. Dêr wurkje in soad jongelju fan ferskate doelgroepen. Dy wolle wy derby belûke."
En aksje, want mei inkeld praten komme je der net. "Net allinich oan tafel mei de polityk, mar ek beammen plantsje en dingen meitsje. Kreatyf dwaande wêze", seit Boersma.
De organisaasje giet troch mei it organisearjen fan netwurkbuorrels en -gearkomsten. Mear ynfo is te finen op www.generatiefryslan2035.nl.
Ut it manifest fan 'Generatie Fryslân 2035'
"In 2035 is geluk, gezondheid en welbevinden het uitgangspunt. Ik, jij en zij heeft plaatsgemaakt voor wij. Wat kan, regelen we zelf lokaal in samenwerking tussen stad en platteland. We hebben een deeleconomie, waarin gebruik belangrijker is dan bezit.
Onze energie is goedkoop, betrouwbaar en in eigen duurzaam beheer opgewekt. Ons eten wordt lokaal verbouwd. Met als enige toevoeging de schone Friese buitenlucht en onze rijke bodem vol leven.
We eten met de seizoenen en sluiten daarmee beter aan op ons natuurlijke ritme. Zo komen we weer in verbinding met de wereld om ons heen. In de Friese wildernis leren we samen de natuur opnieuw kennen.
Afval bestaat niet meer: alles wat we doen is circulair. Impact vinden we belangrijker dan winst maken. We stappen uit de 'rat race' en waarderen iedereen om diens eigen kwaliteiten. We herwaarderen 'bêst genôch', omdat we dankbaar zijn voor wat we wel hebben en niet altijd maar méér hoeven. Zo blijven we de gelukkigste inwoners van Nederland en Europa.
Een Europa dat dichtbij is, met snelle en duurzame verbindingen naar andere landen. In de zorg ligt de focus op gezondheid en het voorkomen van ziekte. De inclusieve mienskip verbindt generaties die zorgen voor elkaar.
Onderwijs is gericht op de maatschappelijke uitdagingen. We leren binnen het werk, ons hele leven lang. En als werken even niet lukt, vangen we elkaar op. En als állerbelangrijkste: in alle keuzes die we maken kijken we naar de lange termijn en de impact op volgende generaties."