Marit Bouwmeester pakt earste winst no't sy mem is: “Ik sit der lekker yn”

Marit Bouwmeester fan Warten hat har earste oerwinning binnenhelle sûnt sy ferline jier oktober har rentree makke. De 34-jierrige sylster hat de 5th Portugal Grand Prix yn Vilamoura op har namme skreaun yn de Ilca 6-klasse.
Bouwmeester wûn de earste fjouwer fan de yn totaal acht races en einige mei 17 punten foar de Frânske Pernelle Michon (21 punten) en de Poalske Agata Barwinska (24 punten).
"Myn earste oerwinning yn lange tiid en myn earste as mem", konstatearret Bouwmeester sels. "It jout noch gjin garânsjes, mar ik bin hjir wol hiel bliid mei. Dit evenemint hie in sterk dielnimmersfjild, eltsenien wie der wol. Dan is it noflik om op de goede tree fan it poadium te stean."
Ferline jier maaie krige Bouwmeester in dochter. In pear moannen letter kaam sy mei it WK yn de Feriene Steaten werom op it wetter. Sy begûn dêr goed, mar hie in minne lêste faze. Sy waard dêr njoggende. Op it EK yn novimber yn Frankryk waard sy tredde."
"Lekkere befêstiging"
"Ik haw in goede winter draaid en sit der lekker yn. Dit is in hiel lekkere befêstiging", sa ferklearre Bouwmeester nei de Portugal Grand Prix tsjin de media. Sy wurket no ta nei it WK yn augustus. Dat is yn eigen lân, foar de kust fan Scheveningen.
In moanne dêrfoar wol sy meidwaan oan it olympysk testevenemint by Marseille. Mar dêrfoar moat sy wol goed prestearje op it EK yn maart en op de wrâldbeker yn Palma de Mallorca.
In WK titel yn eigen lân soe 'super' wêze, seit Bouwmeester. "En úteinlik wol ik fansels goud winne op de Spelen."