Ut Empatec stappe is in djoer grapke foar Súdwest: op syn minst 52 miljoen euro

It kostet de gemeente Súdwest-Fryslân op syn minst 52 miljoen euro om út sosjale wurkfoarsjenner Empatec te stappen. Dat wurdt te djoer en dêrom wurdt ynset op mear transparânsje fan de organisaasje en bedriuwsfiering.
Ut Empatec stappe wie ien fan de opsjes yn in rapport. Dat rapport is makke nei de riedsenkête dy't de ried yn 2021 die nei relaasje tusken de gemeente en de wurkfoarsjenner, ek om ynsoch te krijen yn alle ôfspraken dy't der makke binne.
Ien fan de oanbefellingen wie om as gemeente in eigen sosjale wurkfoarsjenner op te setten en út Empatec te stappen. Amtners hawwe de konsekwinsjes ûndersocht en komme ta de konklúzje dat it op syn minst 52 miljoen euro kostje moat.
Dat is de reden dat Súdwest-Fryslân no meigiet mei de trije oare gemeenten dy't partisipearje yn Empatec: Harns, Waadhoeke en De Fryske Marren.

"52 miljoen euro is ferskriklik folle jild", seit PvdA-riedslid Johan Feenstra. "Jild dat wy net hawwe, dan skriuwe wy reade sifers. Wolle wy dat eins wol?" De oanstjoering moat dan echt better, fynt Feenstra.
Ek syn kollega fan Nieuw Sociaal, Pieter Greidanus, sjocht dêr ferbetterpunten. "De kar is no makke om fierder te gean mei de trije oare gemeenten. Wy hawwe de noazen deselde kant út, no moatte wy ek fierdergean."
Wethâlder Marianne Poelman sjocht dat ek as de wichtichste opjefte: "We moeten grip en sturing krijgen op Empatec. De controle moet beter. Nu gaan we werken aan de inhoud en de samenwerking met de anderen. Dat moet rust geven. Met name voor de mensen die er werken."