Nije wet is in stôk by de doar om 30 persint sosjale hier te heljen yn Ljouwert

Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert (PvdA) © Omrop Fryslân
De nije wenningwet dy't it kabinet foar eagen hat betsjut noch in flinke opjefte foar gemeente Ljouwert. 30 persint moat sosjale hier wêze, mar dat hellet Ljouwert noch net.
Minister Hugo de Jonge foar Folkshúshêsting presintearre freed in wet wêrby't hy foar gemeenten en provinsjes beslisse kin wêr't boud wurde moat en oft der bygelyks sosjale hierwenten komme moatte. Sa wol De Jonge mear regy op de huzebou.
Dêrmei kin it kabinet dus ek gemeenten ferplichtsje om mear sosjale hier del te setten. It stribjen soe 30 persint wêze moatte, sa is it regear fan betinken.
Ljouwert sit op dit stuit noch op sa'n 27 persint, noch ûnder it lanlik trochsneed. Mar ek by de nijbouplannen dy't der lizze, moatte der mear sosjale hierwenten by. Bygelyks yn de nije wyk Middelsee, ûnder it Van Harinxmakanaal.

It moat better yn Middelsee

Yn Middelsee komme sa'n 3.200 huzen, sa is de bedoeling. Mar dêrfan is mar 15 persint sosjale hier. Wethâlder Hein de Haan erkent dat it dêr better moat. "Daar zijn we nog niet op het gewenste aantal. We hebben jaren bijgebouwd aan de zuidkant van Leeuwarden, maar in deze nieuwbouwwijken zit bijna geen sociale huur."
Nijbou yn Middelsee © LEO Middelsé
De Haan leit benammen de klam op dat it al better is as it wie en seit dat der noch praat wurde moat oer de 'segminten' yn it bestimmingsplan.
As wethâlder is hy wol bliid mei de plannen fan minister De Jonge. "De bakens worden verzet, maar dat is ook nodig. Die 30 procent sociale huur is ook voor ons nog een grote uitdaging. Maar het is niet iets wat we nog niet van plan waren. Ook in ons Leeuwarder coalitieprogramma staat die ambitie."

Ljouwert bliid mei bemuoienis Ryk

De Haan is der oer te sprekken dat it Ryk wer wat mear yn 'e brij krommelje wol. "We hebben het Rijk jaren gemist. Onder de vorige minister van de VVD, Blok, is de woningmarkt verder geprivatiseerd. Toen kwam ook de verhuurdersheffing, die de woningbouwcorporaties ernstig belast. Dat wordt nu langzamerhand teruggedraaid, daar ben ik hartstikke blij mee."
Earder hat de gemeente oan minister De Jonge oanbean om 9.000 huzen te bouwen. Yn hiel Fryslân moatte der 17.500 nijbouhuzen by neffens de minister, mooglik sels wat mear.
Minister Hugo de Jonge hat earder al op wurkbesite west yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Ljouwert wol in 'mjuksstêd' wêze, seit De Haan. Dat betsjut: "Binnen de stad een betere mix tussen sociale huur, middenhuur en koop. Bijvoorbeeld in wijken als Oud-Oost, rond het Cambuurstadion. Maar ook door sociale huurwoningen toe te voegen in de nieuwbouwwijken. Dat waren we van plan, maar deze wet is nog een extra stok achter de deur."

Betelber

De gemeente is der noch net, seit hy. "Maar dat heeft ook te maken met dat sociale woningen een hele andere grondprijs met zich meenemen. Het kost de gemeente behoorlijk veel geld, dat kunnen we niet in één keer doen. De ambitie is duidelijk: 30 procent, daar moeten we wat mij betreft ook heen."
Dêrmei leit betelberens ek wer yn it fizier fan Ljouwert. "Daar hebben we heel lang niet op gestuurd, maar dat moet wel weer." Dêrfoar moatte ek wenningboukorporaasjes de mouwen opstrûpe, seit hy. "Ze moeten extra sociale huurwoningen bijbouwen. Dat kan als de verhuurdersheffing wordt afgeschaft."
Nijbou yn de wyk Blitsaerd, mar gjin sosjale hier © ANP
De VVD hie krityk op de wenplannen en tinkt dat De Jonge sa de 'efterstânswiken fan de takomst' kreëarret. Koälysjepartijen CDA en ChristenUnie binne dêr wer lilk oer. Minister De Jonge sels hat der ek gjin goed wurd foar oer. Hy neamt de VVD-krityk 'liefdeloos.'

'Ferkiezingsretoryk'

De Haan is it dêrmei iens. Hy neamt it: "Hele goedkope verkiezingsretoriek. 30 procent, dat zijn nog geen achterstandswijken. De markt heeft ons geleerd dat er vooral woningen worden gebouwd waar de rendementen het hoogst zijn. Dat leverde niet per definitie genoeg woningen op. Ook geen betaalbare woningen."
De wethâlder hopet dat de nije wet dêr feroaring yn bringt. "Woningen zijn wat mij betreft primair om in te wonen, niet om rendement op te leveren voor ontwikkelaars en investeerders."