KAART: Dit binne de wenplakken fan alle 519 kandidaat-Steateleden foar Fryslân

In gearkomste yn Provinsjale Steaten © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Stimme op ien út dyn omkriten? Grutte kâns dat dat wol slagget by de Steateferkiezingen fan 15 maart. Ut 169 Fryske plakken komt op syn minst ien kandidaat.
Dat is te sjen op ûndersteande kaart, dy't in ynventarisaasje is fan Omrop Fryslân op basis fan de iepenbiere kandidatelisten. Dêrút docht ek bliken dat elke gemeente fertsjintwurdige is, want ek op elk Frysk Waadeilân wennet in kandidaat by de kommende Steateferkiezingen.
Foar guon plakken (Dokkum, Drachten, Harns, It Hearrenfean, Ljouwert en Snits) is de list fan kandidaten te lang, dêrom stiet by dy plakken in linkje nei in eksterne webside mei de list mei nammen.
Yn totaal steane der 519 kandidaten op de listen fan de santjin partijen. In grut tal fan harren - 67 yn totaal - wennet yn Ljouwert. Ek Drachten (33), It Hearrenfean (29), Snits (21), Harns (18), Dokkum (13) en Wolvegea (10) ha elk tsien of mear kandidaten.
De ynwenners fan Fryslân kieze op 15 maart yn totaal 43 Steateleden.
Sjoch foar mear ferkiezingsnijs op ús dossierpagina.