35,5 miljoen euro foar regiodeals Noardwest-Fryslân en Waadeilannen

Noardwest-Fryslân krijt fan it Ryk 20 miljoen euro om te ynvestearjen yn de regio. Dat hat it Ryk freed bekend makke. De Waadeilannen krije 15,5 miljoen.
De twa regio's wurde ûnderdiel fan de saneamde Regio Deals. Yn dat programma wurkje de regio's gear mei it Ryk om de kwaliteit fan libben, wenjen en wurkjen te ferheegjen.
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke is tefreden mei it bedrach fan de 20 miljoen euro foar it noardwesten: it is presys safolle as wêr't de regio om frege hie. "Dat is in hiele moaie opstekker foar ús fansels. Sa'n dei is dochs spannend, want it is net samar wat."
"Wy kinne it net allinnich"
Ta it gebiet hearre Harns, Waadhoeke en it noardwestlike part fan de gemeente Ljouwert.
Wêr't it jild krekt hinne giet, moat noch ôfpraat wurde, mar yn grutte linen kin Waanders wol wat sizze: "Dat jild wolle wy mei syn allen brûke om bygelyks de maritime sektor en de lânbousektor te fersterkjen. Ek op it mêd fan soarch en wenjen leit in grutte opjefte. Dat kinne wy net allinnich, dêr hawwe wy it Ryk foar nedich."
Tsjin stilstân en achterútgong
It jild is bedoeld om achterútgong en stilstân tsjin te gean, der wenje nammentlik relatyf in soad 65-plussers yn it gebiet wêrtroch't trochstreaming op bygelyks de wenningmerk blokkearre wurdt.

Fan it bedrach moatte ûnder oare plannen betelle wurde om folle mear duorsume enerzjy op te wekken mei saken as ierdwaarmte, sinnepanielen of wynturbines. Ek falle binnen de regiodeal allegear plannen om te soargjen dat jongerein yn de regio wenjen en wurkjen bliuwe kinne.
De motivaasje fan Den Haag foar it frijstellen fan it bedrach is om te kommen ta "een veerkrachtige economie, een goede kwaliteit van leven en een natuur die in balans is".
Mear wenplakken jongerein op it Waad
De Waadeilannen krije 15,5 miljoen euro. Dêr wolle de gemeenten ûnder mear de enerzjyfoarsjenning ynnovativer meitsje, mear wenplakken foar jongerein kreëarje en ferduorsumje.
Boargemaster Michiel Schrier fan Flylân is foarsitter fan de stjoergroep 'Programma Waddeneilanden', hy is ek te sprekken oer it bedrach: "We zijn verheugd met dit geweldige nieuws!"
Yn eardere edysjes fan de Regio Deals krigen ûnder oare Noardeast- en Súdeast-Fryslân miljoenen út Den Haag.