Drugspân yn Frjentsjer sletten, amfetamine oantroffen

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Boargemaster Waanders fan gemeente Waadhoeke hat freed in wente yn Frjentsjer sletten foar in perioade fan trije moannen. Der waard amfetamine en in ferskaat oan guod fûn dat relatearre is oan drugshannel.
Dat guod bestie ûnder mear út grippûdsjes en in weachskealtsje. De plysje wie bekend mei dit pân om't der meardere kearen meldings oer binnenkaam binne.
Foarich jier novimber en jannewaris fan dit jier gie de plysje alris del by it pân.