Achtkarspelen wol in drone ynsette by tafersjoch en hanthaving

In drone © Shutterstock.com (Gorodenkoff)
Ynstânsjes as de plysje, Wetterskip Fryslân en de dûane dogge it al, fleanend hanthavenje en tafersjoch hâlde. No wol ek it kolleezje fan gemeente Achtkarspelen mei in drone wurkje.
It plan is om mei in drone mei kamera's derop oersjoch te hâlden oer benammen it griendomein, bygelyks by in houtsingel of grienstroken. De apparaten kinne dreech begeanbere gebieten better berikke en besparje dêrneist tiid, docht bliken út in ûndersyk fan in studint yn opdracht fan de gemeente.
Der sille op syn minst twa meiwurkers fan de 'Eenheid Toezicht en Handhaving' oplaat wurde om de drone bestjoere te kinnen.

No-fly-zone

It yndustryterrein fan Surhústerfean is oanwiisd ta 'no-fly-zone'. Omdat it gebiet beboud is, sil it neffens de gemeente ek net nedich wêze derboppe te fleanen.
De drone kostet 2.000 euro en opliedingskosten binne 3.500 euro de persoan. Dat jild komt út it hânhavingsbudzjet en opliedingsbudzjet fan it 'Cluster Ruimtelijk Domein'.