De Herberg slacht in earm om Waskemar hinne mei fergees iten yn djoere tiden

De Herberg is útgroeid ta in begryp yn Waskemar. Sûnt begjin novimber fersoargje frijwilligers dêr ek in fergees miel foar minsken mei in lytse beurs of ferlet fan geselligens. Elts is wolkom yn De Herberg.
It is in sukses, sa docht bliken. Alle tongersdeis komme der sa'n 30-40 minsken nei De Herberg ta. "Hjir brânt de kachel, je sjogge it fjurke. Dit is in waarme keamer", sa seit Tjeerd van der Vaart, ien fan de frijwilligers yn De Herberg.
"Wy nûgje minsken út: kom der rêstich by sitten." Der is ferlet fan, seit Van der Vaart. "Je fernimme ek dat iensume minsken ek komme, om't it hjir sa gesellich is."
Moetingsplak
Fjouwer jier lyn ûntstie it idee om in moetingsplak foar it doarp te meitsjen. Uteinlik is der in stichting opset dy't De Herberg oankocht hat, dat draaie koe op frijwilligers. Yn de coronatiid kaam De Herberg stil te lizzen, mar yn de tuskentiid waard it gebou wol oanpakt en ferduorsume.
Doe't de slimste coronatiid wer foarby wie, koene de aktiviteiten úteinsette. Bingo, iten, feestjes en kuiers, it brocht wer libben yn Waskemar.

Ien fan de aktiviteiten is in fergees miel op de tongersdei. It idee dêrfoar ûntstie by in groepke dat al aktyf wie by De Herberg en ien kear yn de safolle wiken alris iten oanbea. Mar doe't de ynflaasje en de enerzjyprizen tanamen groeide it út ta in grutter projekt.
It begûn by in groepke, mar it groeide samar út. Nicolien Bergsma is ien fan de frijwilligers. Sy is tongersdei ferantwurdlik foar de keuken. "It groepke sei: miskien kinne wy it wol faker dwaan en binne der minsken dy't dêr wol by helpe kinne. Doe hiene sy yn in hip 40 minsken dy't wol helpe woene."
Alle wiken wurdt der in fergees miel oanbean troch ynwenners, de tsjerke en it Oranjefonds.
Fan herte wolkom
Dizze tongersdei stiene der bakte jierpels, woartels, slaad en hinneschnitzel op it menu. Bergsma: "As je wat misse kinne, dan meie je in frijwillige donaasje dwaan. Der stiet in boks by de doar, wy sjogge net wa't der wol of net wat yn docht. Ek as je it net betelje kinne, binne je fan herte wolkom. Je kinne mei in folle búk wer nei hûs ta."
Der binne 44 minsken nei De Herberg kaam. Ien fan har is Ellie. "Dit is voor mij de eerste keer", seit sy. "We hoorden hiervan, het is een leuk initiatief. Eerlijk gezegd kan ik het gelukkig nog wel betalen, maar we zijn wel alleen. We moeten iedere avond alleen eten, dus dan is dit een mooi initiatief."
Dat der safolle geselligens is, dat binne de ljochtpuntsjes.
Nicolien Bergsma fertelt dat sy der in waarm gefoel fan krijt, no't it sa smûk yn De Herberg is. "Dat der safolle geselligens is, dat binne de ljochtpuntsjes."
In heit fan in húshâlding komt al sûnt it begjin del. Foar de geselligens, seit er. "Wij komen hier al een aantal weken, vooral sociaal. Het is belangrijk voor het dorp en het dorp waar wij wonen, Haulerwijk."
Se binne net de iennigen dy't út oare doarpen wei komme, seit Bergsma: "Se komme út Easterwâlde, Donkerbroek, rûnom wei." Ek in oare húshâlding komt foar de de geselligens: "We komen hier graag. Mijn dochter heeft hier al vrienden gemaakt."
It fergeze miel is yntusken in fêste prik wurden, draaiend op de mienskipssin fan Waskemar. "Wy hoopje dat der noch wat foar ússels oerbliuwt, en oars ite wy thús wol in stikje bôle", seit Bergsma.