Auke (7) hat leukemy, mar syn winsk gie yn ferfolling by sc Hearrenfean

Auke Jagersma belibbe de middei fan syn libben © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Mei in grutte limûsine kaam hy oan by it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean: Auke Jagersma. 7 jier âld en ôfkomstich út Aldegea (SWF). It wie it momint dat syn grutste winsk ferfolle waard: keeper Andries Noppert moetsje.
Auke is siik, hy hat leukemy. Mei help fan de Make-a-Wish Foundation koe it allegearre regele wurde. Mar net allinnich foar Auke, want syn hiele fuotbalteam koe mei.
By oankomst yn it stadion stiet net allinnich Noppert der. De folsleine seleksje fan sc Hearrenfean wachtet de manlju op yn de spilerstunnel nei it fjild ta.
Mem Boudien Jagersma stiet mei pikefel te sjen: "Dat dit allegearre foar je regele wurdt." Mei Auke giet it nei omstannichheden goed. "Hy sit no yn de ûnderhâldsfaze, sa't sy dat neame. Hy krijt noch alle dagen gemo, mar dat is it eins. Fierder sjogge wy neat oan him. Hy moat wol geregeld nei it sikehûs ta, mar hy kin nei skoalle, hy kin fuotbalje, hy kin nei swimles."
Auke mocht it de keeper muoilik meitsje © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op it fjild wachtet trainer Kees van Wonderen. Hy nimt de spilers mei de goal foar it fak fan Nieuw Noord en dêr meie se penaltys nimme. Net tsjin Noppert, sa't se sa graach wolle, want dy is blessearre, mar tsjin Xavier Mous.

Auke rost de bal tusken de peallen

Dêr't Van Wonderen mei grutte stappen njoggen meter útmjit, wurdt hy korrizjearre troch Mous. "Trainer, je maakt te grote stappen. Hier moet de bal liggen." As Auke de oanrin nimt foar syn earste penalty jûchje de spilers him ta. Auke hâldt de holle koel en pleatst 'm kreas yn de linkerhoeke.
Mem Boudien Jagersma: "Hy fynt dit ek prachtich. It is net foar neat syn ultime winsk. Syn team genietsjen sjen, dat fynt er ek sa moai. Mei syn allen. Hy hat troch syn sykte bêst wat misse moatten, dus dan is it moai dat je dit mei it team dwaan kinne."

Pikefel by Andries Noppert

Mem Boudien is net de iennige mei pikefel. Ek Andries Noppert is emosjoneel: "Pikefel. Ast wat dwaan kinst dat dy jonge bliid makket, dan is dat hiel moai. It is al freeslik genôch, dus as hy syn holle efkes earne oars hawwe kin, dan is dat allinne mar moai meijûn. Dêr hawwe wy ús bêst foar dien."
As Auke syn twadde penalty makket, wurdt hy op de skouders fan de seleksje naam. Hy is hast sûnder wurden: "Hiel leuk. Ik fûn it net sa muoilik." Auke sjocht ek noch efkes foarút nei snein, de wedstriid tsjin Cambuur: "It wurdt twa-nul foar Hearrenfean."
Auke (7) hat leukemy, mar syn winsk gie yn ferfolling by sc Hearrenfean