Foar starters bliuwt it dreech, nettsjinsteande it delgean fan de huzeprizen
Foar starters is der op dit stuit hast gjin wenning te krijen. Fan alle beskibere keaphuzen yn Fryslân is der mar sa'n 4-5 persint betelber foar in allinnichsteande starter.
Fan de beskibere keaphuzen yn hiel Nederlân is mar 3,4 persint betelber foar in allinnichsteande starter. Dat docht bliken út ûndersyk fan it taksaasjebedriuw Calcasa.
De sifers foar Fryslân sjogge der wat better út as foar bygelyks de Rânestêd. "In Amsterdam is maar 0,3 procent van de koophuizen beschikbaar voor een alleenstaande starter. Dan heb je het eigenlijk over een paar flatjes", seit in wurdfierder fan Calcasa. "In Fryslân is het gunstiger, maar nog steeds is het een laag percentage."
Lykas yn it hiele lân binne ek yn Fryslân de ferskillen grut. Sa is der op Skylge net ien wenning te beteljen foar in allinnichsteande starter, wylst yn Ljouwert en Noardeast-Fryslân noch 18 persint te keapjen is. "Dat heeft te maken met de prijzen van de huizen die hier betrekkelijk laag zijn."
'Sa'n bytsje kânsleas'
Willem Donker fan NVM Fryslân kin him fine yn de konklúzjes fan it ûndersyk. Mei it ôfnimmen fan de huzeprizen mei 6 persint it ôfrûne fearnsjier hie hy hope op mear kânsen foar starters. "Mar dat giet net sa fluch."
De prizen lizze noch hieltyd te heech foar starters. Boppedat is de rinte trije kear sa heech wurden. "En nijbou is net te beteljen troch de hege bou- en materiaalkosten." Donker neamt de wenningmerk foar allinnichsteande starters 'sa'n bytsje kânsleas.'
Foar startende pearkes lizze der mear kânsen op de wenningmerk. Foar har is 40 persint fan de keapwennings helber as beide it salaris ynsette. Neffens Calcasa sil it lykwols dreech bliuwe foar starters om in hûs te keapjen. "Wie weet lukt het ze als de prijzen nog veel sneller dalen, maar voorlopig ziet het er niet goed uit."