Provinsje hellet stielslakken by Dokkum folslein fuort, yn stee fan foly te brûken

De 7.000 ton stielslakken dy't by Dokkum yn de Sintrale As sitte, wurde fuorthelle. Dat wylst by De Falom keazen is om de fersmoargjende stielslakken ôf te dekken mei foly.
Stielslakken binne lytse brokken heechovenôffal, dy't brûkt binne as fundearringsmateriaal foar de provinsjale dyk. Mar it materiaal lekt fergiftige stoffen, in kwestje dêr't de provinsje aardich mei oanklaud wie. De stielslakken wiene yn oanrekking kaam mei wetter. Dat is dêrtroch fersmoarge rekke. Ek is it weidek skansearre.
Projektlieder Folkert Reitsma fan de provinsje Fryslân leit út dat it folslein fuortheljen fan de fersmoarge stielslakken de goedkeapste opsje is. "De hoemannichte stielslakken dy't dêr tapast binne, is hjir flink lytser. It fuortheljen is úteinlik foar de mienskip de meast goedkeape oplossing."
Foly of ôfgrave?
Yn it ôfrûne jier binne stielslakken by De Falom ôfdutsen mei foly. Yn dizze earste faze gie it om stielslakken oan wjerskanten fan de Dwersloane en it stik oan de noardkant fan De Falom. Dêr is de oannimmer yn septimber mei úteinset.
Provinsje Fryslân keas foar de oplossing mei foly omdat dy goedkeaper wie fanwegen de grutte oerflakte dêr't de stielslakken leine. Mar by Dokkum giet it dus om minder.
"De stielslakken wurde selektyf ûntgroeven", fertelt Reitsma. "It sân dat tusken de stielslakken siet, wurdt nei it fuortheljen fan de stielslakken op 'e nij yn de As lein. Dan krijst dêrnei in terp fan allinnich sân."

Yn doarpshûs De Pipegael yn Broeksterwâld wie woansdei in ynformaasjejûn wêrmei't de provinsje omwenners op 'e hichte stelle woe fan it wurk oan de sintrale as. De provinsje en in oannimmer betinke in plan fan oanpak, in planning is der noch net.
Wurksumheden by De Falom en Dokkum
It wurk oan de súdkant fan De Falom set útein op 18 maart. Der is mei it wurk ien rydstripe de kant iepen en de snelheid wurdt omleech brocht. De Sintrale As is op 18 en 19 maart, 13 maaie en 8 july foar koarte tiid folslein ôfsletten. Ferkear kin dan omride fia de N361 en N355. De ferwachting is dat it wurk dêr ein july folslein klear is.
Oars as by de earste wurksumheden wurdt no ek in ynfoechstripe ôfsletten. Dy fan Broeksterwâld yn 'e rjochting fan Drachten is tusken 18 maart en 19 maaie ticht.
Op trije plakken by De Falom wurdt noch fersmoarge grûn fuorthelle, dy plakken lizze krekt noardlik en súdlik fan de Falomster Feart. It doarpsbelang fan De Falom hat betrouwen yn de provinsje wat de kar foar foly oanbelanget. De hoop is wol dat it tafalt mei (swier) slûpferkear troch it doarp.
Wannear't it wurk by Dokkum begjint, is dus noch net bekend. Dêr giet it om it stik benoarden de Strobosser Trekfeart, oan de eastkant fan Dokkum.