Ekstra beskerming foar natuergebieten yn Noardsee

De Noardsee by Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Foar trije gebieten yn it Nederlânske part fan de Noardsee jilde tenei strangere regels om de natuer te beskermjen. It giet ûnder mear om it natuergebiet it Fryske Front, op ûngefear 50 kilometer fan de Waadeilannen. De boaiem moat der mei rêst litten wurde, fiskerij mei sleepnetten is net mear tastien.
"Een mijlpaal" en "geweldig nieuws voor de natuur", neamt Stichting de Noordzee dat. De organisaasje besifert dat troch maatregels dy't tongersdei yngien binne 5 prosint fan de Nederlânske Noardseeboaiem "effectief beschermd wordt tegen grondberoering", in gebiet sa grut as Drinte.
In publikaasje fan de Europeeske Uny set de maatregels op in rige. Saneamde boaiemberoerende fiskerij mei net mear yn gebieten as de Klaverbank, Fryske Front en de Sintrale Oestergrûnen.
Ek yn parten fan de Dútske Noardsee binne sokke beheiningen ynsteld, bygelyks om de Doggerbank hinne. Lannen om de Noardsee hinne hawwe dêr ôfspraken oer makke.

'Wichtige horde'

De Nederlânske gebieten hiene op himsels al langer in beskerme status, mar no jilde strangere regels as foarhinne. Neffens Stichting De Noordzee skeat de beskerming earder noch tekoart.
Neffens de organisaasje wie oant no ta mar 0,3 persint echt adekwaat beskerme. "Deze vijf procent is een belangrijke, eerste horde op weg naar een écht gezonde Noordzee met een veerkrachtige natuur", stelt direkteur Wytske Postma yn in ferklearring.

Fiskers ûndertekenje net

Yn it saneamde Noordzeeakkoord hawwe allerhanne partijen yn 2020 ôfpraat dat it beskerme diel groeie moat nei 15 persint yn 2030.
Fiskers hawwe dat akkoart net ûndertekene, want sy fine dat te min romte foar harren oerbliuwt troch de kombinaasje fan natuergebieten en de sterke taname fan it tal wynmûneparken. It Fiskersbûn sei dêr earder oer dat yn de plannen "te veel vitale visgronden worden gesloten" en dat der te min perspektyf is foar fiskers.