Earste gearkomste oer nij MFC Wytmarsum lûkt mear as hûndert belangstellenden

Ien fan de earste jûnen dat Wytmarsumers witte litte koenen hoe't se tinke oer in nij te bouwen multyfunksjoneel sintrum waard in jûn mei in soad besikers. Der moasten sels stuollen by set wurde.
De ynwenners fan Wytmarsum gienen mei-inoar te set oer in moetingsromte yn it doarp. Dêr is grut ferlet fan no't de kroech ferdwûn is en de gymseal oan ein rint. Ta konkrete foarstellen hat dat noch net laat, yn dizze faze fan de planmakkerij moat der noch ynventarisearre wurde watfoar ideeën der binne, sa seit it doarpsbelang.
De ynringearkomste wie yn de grifformearde tsjerke fan it doarp. Doel fan it doarpsbelang wie om ynwenners entûsjast te krijen oer in nij te bouwen sintrum en om te hifkjen wat der dan krekt komme moat. De mear as hûndert belangstellenden waarden yn tsien groepen ferdield.
Dat doarpsbelang wol earst ynventarisearje wêr ferlet fan is, hokker lokaasjes yn byld binne en wat it kostje moat. Dêrnei komt it doarp mei in plan rjochting de gemeente Súdwest-Fryslân.