Mûzepleach by melkfeehâlder op De Lemmer: lân wer ûnder wetter set

Lân dat ûnder wetter stiet © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Foar de tredde kear yn tsien jier tiid is it raak by him: it lân fan melkfeehâlder Gooitzen van der Werf yn de Brekkenpolder by De Lemmer sit fol mei mûzen.
Op ferskate plakken yn syn greiden lizze de seadden oer de kop en hawwe de lytse bistjes in soad skea makke. Om in kealfretten en omwrotten gerslân foar te wêzen hat er in drastysk beslút naam: syn lân en dat fan de buorman wurde folslein ûnder wetter set.
Fryske boeren sette lân ûnder wetter tsjin it grutte tal mûzen
En dêrmei is er dit jier net de earste boer yn Fryslân. Neffens him binne der ek kollega's yn de omkriten dy't harren lân ûnder wetter sette fanwegen in mûzepleach.
Earder spruts in ûle-saakkundige al de ferwachting út dat Fryske boeren dit jier mooglik in nije mûzepleach wachtet. Fûgelringers telle in soad fjildûlen, in teken dat der in soad mûzen binne. Yn 2019 hie de lânbousektor yn ús provinsje flink te lijen ûnder skea fan mûzen.
"De earste kear mei de greiden fol mei mûzen ferraste it ús wat. It wie foar ús in nij fenomeen. No sjogge wy de sinjalen fan in pleach earder," seit Gooitzen van der Werf.
It werstel doe hat foar him in enoarm priiskaartsje hân. "In grut stik fan myn lân wie doe stikkenfretten. It gers woe troch in drûge maitiid net groeie. Doe hienen wy yn augustus pas de earste snede fan it lân. Dat koste ús 1200 euro de bunder."
Melkfeehâlder Gooitzen van der Werf © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Koartlyn seach Van der Werf alwer dat de earst perselen oanfretten wienen. "We ha hjoed de greiden ûnder wetter set. Moarn hoopje wy it wetter wer kwyt te wêzen en de mûzen ek."
Van der Werf hat wol in ferklearring foar de mûze-eksploazje yn Súdwest-Fryslân. "We ha ferline jier al wat mûzen hân, in drûge hjerst, hast gjin winter. Dan wurdt de populaasje grut en komt it lân derûnder te sitten."