Wetterskip brûkt mobile ynstallaasje om foarljochting te jaan oer grûnwetter
Fryslân moat minder ôfhinklik wurde fan Iselmarwetter yn drûge perioaden en mear wetter fêsthâlde yn benammen feanpolders. Mei dat boadskip kamen lânskipsarsjitekten Peter de Ruyter en Jandirk Hoekstra tongersdeitemidei yn Gersleat.
Dêr, yn poldergemaal De Fjouwer Kriten, is it saneamde Feanmobyl oerdroegen oan Wetterskip Fryslân. It Feanmobyl is makke as ferfolch fan it Feanatelier, út it prizejild fan de Anita Andriesenpriis dy't it atelier yn 2021 wûn.
It bestiet út in oanhinger dêr't de hichteferskillen yn Fryslân boppe-op te sjen binne. As je dêr wetter op jitte, dan lit it sjen wêr't dat wetter bliuwt. It lit sjen dat it feangreidegebiet dêrby in wichtige rol hat. It wetterskip brûkt de Feanmobyl om minsken oer it grûnwetter foar te ljochtsjen.
It apparaat makket dúdlik hokfoar ynfloed de hichteferskillen hawwe op it grûnwetter. De hichte fan it grûnwetterpeil is al langer ûnderwerp fan diskusje yn de feangreidegebieten. It hjoeddeistige lege peil is skealik foar de natuer, it klimaat en foar in soad gebouwen. Mar foar benammen melkfeehâlders is it dreech om harren produksje op peil te hâlden by in folle heger peil.
Sâlt grûnwetter
Trochdat in hiel soad grûnwetter yn Fryslân yn de hieltiten leger wurdende feangreiden bedarret, skoot it sâlte grûnwetter út de see wei ek hieltyd fierder Fryslân yn. Der is net foldwaande tsjindruk mear fan swiet wetter. Hoekstra neamt dêrby de problemen mei de wetterwinning by Burgum as foarbyld.
Neffens De Ruyter moat der echt wat barre: "Bij de herijking van het Veenweideprogramma waar we nu ook voor staan, zou de positie van de diepe veenpolders veel centraler moeten worden gesteld. Ook met de vraag wat je dan gaat doen met het landgebruik."
De Ruyter sjocht dêrby ek dúdlik nei saneamde 'wiete teelten' as oplossing. Dêrby wurde der gewaaksen teelt dy't goed oer wetter kinne en wol jild opsmite. Ek by Wetterskip Fryslân libbet de ambysje om mear wetter binnen de eigen diken fêst te hâlden.
Dat is ek needsaaklik, sa leit deistich bestjoerslid Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân út. "De Iselmar is ús nasjonale reintonne. Dêr bliuwe wy ek yn de takomst ôfhinklik fan, mar wy hawwe de ôfrûne simmer ek fernaam dat de Iselmar net grut genôch is foar alle provinsjes dy't deromhinne lizze. Wy hawwe ek sels in taak yn it fêsthâlden fan ús eigen wetter. Want oars kinne wy yn de takomst de drûchte net oan."
Al it wetter fêsthâlde oan it Lege Midden, sil lykwols ek net alle problemen oplosse.