Op de radar fan de Russen: Ljouwerters aktyf boppe Poalen

170 militêren fan de Ljouwerter fleanbasis binne sûnt begjin febrewaris stasjonearre yn Malborg, Poalen. Dêr fersoargje se mei de F-35's foar de NAVO de 'air policing', it beskermjen fan it NAVO-loftrom oan de eastgrins. Mar foar de Ljouwerters is it ek ideaal om te oefenjen.
Twa F-35's steane op ien fan de platfoarms fan de Poalske basis waarm te draaien foar har flecht. Se moatte sa de loft yn foar in oefenprogramma mei twa Poalske Mig-29's. In lytse misje, sa seit fleaner en haad operaasjes Mirko van Meerlant.
Militêren fan de fleanbasis Ljouwert befeiligje de NAVO-grins yn Poalen
"Sinds wij hier zijn hebben we al meerdere grote oefeningen gedraaid. Zeg maar dat we hier constant een soort Frisian Flag (in grutte ynternasjonale oefening op fleanbasis Ljouwert, red.) oefening draaien."
Der wurdt dan flein mei tastellen út Poalen en oare NAVO-lannen. "Het is ook de bedoeling dat we binnenkort gaan vliegen met de Zweden en de Finnen", seit Van Meerlant. Beide lannen wolle har graach oanslute by de NAVO.
Foar in seldsume besite
Yn Poalen binne se wiis mei de komst fan de Nederlanners. Poalske sjoernalisten reizgje dan ek massaal nei de basis ôf as de poart foar in seldsume kear iepenet. Sy fiele de driging fan Ruslân, seit in sjoernalist fan telefyzjestjoerder TV24.

"We zitten hier naast Rusland, dicht aan de oostgrens. We zien wat er gaande is in Oekraïne. De dreiging is er gewoon." No't it Poalske regear besletten hat sels ek F-35's oan te keapjen is it boppedat in kâns om ris in F-35 fan tichtby te besjen.

Ruslân is net fier fuort. "Kaliningrad ligt hier 65 kilometer vandaan", seit de detasjemintskommandant Guido Schols. "Als we nu opstijgen zitten we al direct in de buurt van de grens. We zitten hier in de achtertuin van de vijand gratis mee te genieten. We hoeven niet een hele afstand te vliegen zoals we dat begin 2022 deden toen het conflict in Oekraïne net begonnen was. We stijgen nu op en zijn er al."
Doedestiids waarden de F-35's fan Ljouwert ek ynset oan de grins fan Poalen. Doe om dúdlik oan te jaan dat Ruslân it net yn de holle krije moast om ien fan de NAVO-lannen oan te fallen.
Dy ôfskrikking is no ek ien fan de doelen, seit Van Meerlant. "We vliegen hier met acht toestellen om ook te laten zien dat we snel ergens anders in actie kunnen komen."
Op de radar fan de Russen
Se wurde ek yn de gaten hâlden. Ut Kaliningrad wei wurdt geregeld in radar op de Nederlânske tastellen rjochte. De F-35's fleane mei radarreflektoren. Dêrmei wurdt it tastel sichtber op radars. "Dat doen we bewust want we willen niets weggeven van hoe onzichtbaar het toestel echt is."
At de Russen har radar oansette wurdt dat fuort sjoen troch de Nederlanners, seit Schols: "Er gaat niets ongezien aan op de grond of in de lucht zonder dat wij daar 'situational awareness' van hebben. Dit is zeker het beste toestel dat Nederland had kunnen kopen."

Gefaar is der lykwols net, stelt Schols. "Nee, we weten waar de grens ligt. Niemand is uit op een confrontatie. We laten zien waar de grens ligt en niet verder. Hier in de lucht en in Polen."
De grins waard moandei en tiisdei opsocht troch de Russen. Sy fleagen yn de rjochting fan it NAVO-gebiet en waarden dêr fuort ûnderskept. Ien fan de fleaners dy't moandei yn aksje kaam is 'Tweak'.
Binnen in pear minuten fuort
"We krijgen een telefoontje van de verkeerstoren. Dan gaat een intern alarmsysteem af waarbij iedereen weet dat ze buiten het QRA-gebied moeten blijven." De QRA stiet foar Quick Reaction Alert. It betsjut dat de fleaners alarmearre wurde at der tastellen fan 'e fijân tichterby komme. Sy moatte der dan sa gau as mooglik fleane om dy te ûnderskeppen.
Dat moat binnen in pear minuten. Dêr sit foar 'Tweak' it spannendste moment. "Op de grond wel. We moeten bij een alarmering snel in de lucht zijn. Alles moet dan kloppen. Dus dat wij op tijd aangekleed zijn, de auto moet rijden, het toestel opstarten. Als ik dan in de lucht zit komt de rust. Dan kun je het toestel opzetten zoals je gewend bent."

'Tweak' bleau op ôfstân, in dei letter fleagen syn kollega's tichterby. Nei de ûnderskepping hawwe de fleaners inoar groete en fleine sy werom nei de basis. "Ik zie het als een zakelijke afhandeling. Waarom vlieg je hier? Waarom houd je je niet aan de internationale regels? Zij weten dat wij hier staan. Waarom doe je dat dan, dat vraag ik mij ook wel eens af."
'Streep in het zand'
Loftmachtbaas Dennis Luijt, op besite by de manskippen is dêr helder yn: "We trekken hier een streep in het zand. We laten zien dat we dat als NAVO-landen samen doen. Dat we verenigd zijn en met één stem spreken."
Neffens him lit dizze misje hiel dúdlik sjen hoe fragyl feiligens wêze kin. "Nu zie je duidelijk dat wat wij doen als luchtmacht ertoe doet."
Noch wol fiif, tsien jier
It is foarearst noch lang net klear mei dit soarte fan útstjoeringen, tinkt detasjemintskommandant Guido Schols. "We zijn hier de komende vijf, tien jaar nog wel bezig. Dit is voorlopig nog niet klaar en het zal betekenen dat wij hier vaker zullen zitten." No sit de groep provisorysk yn kontêners en tinten, Schols tinkt dat de kâns grut is dat der in permanintere basis komt yn it gebiet.

De útstjoering fan no mei it dêroan keppele oefenprogramma is foar de fleanbasis Ljouwert ek ideaal om 'lûd te eksportearjen'. It betsjut dat se fleanoeren meitsje kinne sûnder dat der hinder is foar de omjouwing fan Ljouwert.
Om't de startbanen fan Ljouwert renovearre wurde, bliuwt it oant ein augustus yn alle gefallen rêstich. Dêrnei komme de tastellen werom en folget de ynternasjonale oefening Frisian Flag.
Ien fan de taken dy't dan ek nei Ljouwert komt is de eigen QRA foar Nederlân en België. De beskerming fan it eigen loftrom wurdt dield troch de beide lannen. As Nederlân takom jier folslein oer is op de F-35 giet dy taak as earste nei de fleanbasis Ljouwert.