Mear leden en aksje foar fakbûnen: "Wy neame it suver in stakingsstoarm"

Staking by it kofje- en teefabryk fan Douwe Egberts op De Jouwer © Omrop Fryslân
In staking fan fiif dagen yn it Fryske iepenbier ferfier, it kofjefabryk fan Douwe Egberts op De Jouwer dy't stil komt te lizzen en soarchmeiwurkers dy't har opmeitsje foar stakings. Fakbûnen fernimme dat it broeit ûnder wurknimmers.
"Wy neame it suver in stakingsstoarm", laket Anja Dijkman fan it fakbûn FNV. "Mar it is ek logysk. De ynflaasje is fansels hiel heech, dus dan is it fan belang dat der in goeie leansferheging komt. Minsken hawwe rjocht op wissichheid fan wurk."

"Staking voelt als nederlaag"

Jierren wie Anton Meijerman bestjoerder by it fakbûn CNV. Ut dy funksje wei wie hy belutsen by tsientallen cao's, pensjoenregelingen en reorganisaasjes. Dochs lizze de measte minsken by it fakbûn de konneksje mei stakingen.
"Dat klopt. Laat het woord vakbond vallen en iedereen denkt aan stakingen. Maar eigenlijk is dat gek, want in Nederland hebben we de minste stakingsdagen van heel Europa, uitgezonderd Zwitserland geloof ik."
Meijerman besocht stakingen just út alle macht foar te kommen oan de ûnderhannelingstafel: "Eigenlijk voelt een staking voor een onderhandelaar als een nederlaag. Je gaat tot het uiterste in de gesprekken, en als dat niet lukt ga je over op het ultieme redmiddel en dat is een staking. Maar liever doe je dat niet."
Minsken sjogge wer it belang fan 'e fakbeweging, fernimme se by fakbûnen
Dochs litte de statistiken sjen dat yn goed 60 persint fan de stakingen de wurkjouwers úteinlik belies jaan en tajaan oan easken fan wurknimmers, al is it mar foar in part.

Ynienen mear fakbûnleden

De ôfrûne moannen fernimme beide fakbûnen dat der wer mear minsken lid wurde. Dat bart nei't it tal leden jierren ôfnaam. "Wy hawwe de ôfrûne moanne sa'n 7.000 nije leden by krigen", fertelt Dijkman. "Dat is moai. Dat jout oan dat minsken it belang fan in fakbûn sjogge, dat je mei-inoar wat dien krije."
Fryske jongereinsoarch yn aksje © Omrop Fryslân
Hoewol't dy solidariteit altyd in wichtich punt west hat foar fakbûnen, sjocht Meijerman dat de motivaasje om lid te wurden wol feroare is. "Wat je ziet is dat de individualisering een enorm gat heeft geslagen in het begrip solidariteit. Mensen worden nu lid vanuit de verzekeringsgedachte, dat ze het voor zichzelf beter krijgen op die manier."
Dat is oan de iene kant goed, mar oan de oare kant spitich, fynt er. "Solidariteit is natuurlijk één van de basisbegrippen van de vakbeweging."
In staking yn de metaalsektor © Omrop Fryslân
Dijkman begrypt de redenaasje fan in soad nije leden wol. "It is fansels ek gewoan eigenbelang. Minsken kinne net mear rûnkomme, dêr is it lean te leech foar. En dat wylst alles djoerder wurdt, dan komt der hieltyd mear earmoed. Dan is it fan belang dat ast wurk hast, dat dat genôch betellet."
Het gaat vaak alleen over geld, maar we onderhandelen bijvoorbeeld ook over arbeidsomstandigheden.
Anton Meijerman, jierren fakbûnsbestjoerder by CNV
Ald-ûnderhanneler Meijerman wol dêrby wol wize op in oar foardiel fan de fakbeweging. "Het gaat sommige mensen alleen om geld, maar we onderhandelen bijvoorbeeld ook over arbeidsomstandigheden. In het openbaar vervoer gaat het bijvoorbeeld echt niet alleen om die één of twee procent loon erbij. Zo is het ook heel belangrijk dat de buschauffeur bijvoorbeeld fatsoenlijk naar de wc kan tijdens zijn werk."
Yn de measte sektoaren dêr't staakt wurdt is it oant no ta net ta in akkoart kaam. De aksjes geane de kommende tiid dan ek troch.