Tal fersommeldingen yn Noard-Fryslân ôfrûne skoaljier bot omheechgien

Twa jonges oan it skoalskûljen © ANP
Der wienen yn it ôfrûne skoaljier folle mear fersommeldingen as yn it jier dêrfoar. Yn 2020/21 kamen der 4.900 meldingen binnen fan bern dy't skoalskûlen of opholden mei skoalle. Ofrûne jier wienen dat der 1.000 mear.
Dat docht bliken út it regionale jierferslach fan Leerplicht en it Regionale Meld- en Coördinatiepunt voortijdig schoolverlaten (RMC). De sifers gean oer de regio Fryslân Noard. Dêr falle It Amelan, Dantumadiel, Harns, Ljouwert, Noardeast-Fryslan, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Waadhoeke ûnder.

Mear bern mei problematyk

Neffens koördinator Ingrid Visser fan it RMC hat de tanimming fan it tal meldingen ferskillende redenen. "Der is in tanimming fan it oantal learlingen yn de regio, benammen troch de Oekraynske bern. Dêrneist hawwe we de neiweeën fan corona wêrtroch't bern it lestich fine om wer nei skoalle te gean."
Benammen yn it mbû sjocht it RMC in soarchlike ûntwikkeling. Dêr waard ôfrûne skoaljier it heechste tal learlingen registrearre dat sûnder diploma fan skoalle gie. "Der binne mear bern dy't mei problematyk te krijen hawwe, tink oan problemen thús, skulden of psychyske problemen", leit Visser út.
Troch de drokte en it ferksaat oan problematyk is it in útdaging om foar eltsenien in oplossing te finen, jout Visser ta. "Dêrom besykje we safolle mooglik mei alle partijen gear te wurkjen om te sjen wat dat iene bern no krekt nedich hat, sadat hy it wer noflik hat op skoalle."