Noch net alle partijen akkoart mei plannen foar ferbreding slûs Koarnwertersân

De slûs by Koarnwertersân op de eftergrûn © Shutterstock.com (Steve Photography)
De symboalyske ûndertekening fan it dokumint dat de ferbreding fan de slûs fan Koarnwertersân regelet, giet tongersdeitemoarn net troch. Op it lêste momint hat bliken dien dat der noch gjin oerienstimming is mei in oantal merkpartijen.
Dat lit in wurdfierder fan de provinsje Fryslân witte. De maritime sektor wol al jierrenlang dat de slûs by Koarnwertersân ferbrede wurdt, sadat ek gruttere skippen passearje kinne.
It totale projekt soe sa'n 200 miljoen euro kostje. Yn it neijier fan 2022 like it derop dat neat de útwreiding fan de slûs noch yn it paad stie, doe't de provinsje it lêste finansjele gat tichte troch 26,5 miljoen euro foar te sjitten. It bedriuwslibben soe dat bedrach letter werombetelje.
Wat de ôfsizzing fan it ûndertekenjen fan it dokumint krekt betsjut foar it trochgean fan it projekt, is noch net dúdlik.