Dokter fan sikehûs Tjongerschans djip ûnder yndruk nei help yn Turkije

Dokter Boendermaker foar in ynstoart gebou © Annemieke Ellen Boendermaker
Dokter Annemieke Boendermaker fan sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean is tiisdei weromkaam út it ierdbevingsgebiet yn Turkije. Dêr hat se help ferliend. Se is noch altyd djip ûnder de yndruk fan wat se allegearre meimakke hat.
De foto fan harsels foar in ynstoart gebou ropt by dokter Boendermaker de measte emoasjes op oer har ferbliuw yn Turkije. De earstehelpdokter kaam ferline wike tongersdei oan yn it rampgebiet om de slachtoffers fan de ierdbeving te helpen. Se siet by de earste groep fan Nederlânske helpferlieners, sân dokters en 24 ferpleechkundigen.
Wat se seach wie in protte pún en ynstoarte gebouwen. "Je zag dat het woonruimtes waren. Plekken waar mensen lagen te slapen toen ze werden overvallen door de enorme, desastreuze aardbeving. Je ziet een kinderbedje dat helemaal geplet was".
Se wurdt wer emosjoneel as se deroan weromtinkt. It docht har goed te witten dat der ek libbene minsken úthelle binne. Mar ek in soad net en der sille ek noch wol guons tusken lizze.
Dokter sikehûs It Hearrenfean werom út rampgebiet: djip ûnder de yndruk
Se hat holpen yn in Turkske stêd flakby it episintrum fan de ierdbeving. Se kamen op dei fiif nei de ramp oan. Op dei seis en sân binne se begûn by in sikehûs, in fjildhospitaal. Dêr seach sy oer it algemien minsken dy't al in skoftke mei klachten omrûnen.
"Letsels die ook wel even konden wachten. Mensen liepen al vijf of zes dagen op adrenaline op een gebroken been of een gebroken enkel. Wij zagen wonden die, zoals wij zouden zeggen, al enigszins verwaarloosd waren."

Mar der wiene fansels ek in protte minsken mei traumatysk letsel. Dy koe se net fuortendaliks helpe, want dy moatte sliepe, mar dat kinne se net.
Ik dacht dat ze lagen te slapen, maar het waren duizenden overledenen.
Annemieke Boendermaker, dokter
Se kin har noch goed in jonge frou heuge fan in jier of 23 dy't fiif dagen net sliept hie. Sy hie de taak om yn in seal mei deade lichems en ledematen te sjen oft se se identifisearbere dingen fine koe.
"Om uit te leggen wat het inhield, liet ze een foto van de zaal zien met misschien wel duizenden mensen onder dekens", fertelt Boendermaker. "Ik dacht eerst dat ze lagen te slapen, maar het waren overledenen."
"De jonge frou werkte vijf dagen lang onafgebroken. Op dag zes kwam ze 's nacht bij mij in het veldhospitaal. Ze zag er zelf uit alsof het leven haar eigenlijk verlaten had: bleek, ingevallen wangen en ogen zo groot als schoteltjes omdat ze niet geslapen had. Ze had overal fysieke klachten, overal pijn. Ze kon niet meer ademen."
© Annemieke Boendermaker yn it midden
Boendermaker hat de jonge frou hielendal neisjoen, mar koe gjin lichaamlike ôfwikings fine, op útputting, honger en ûnderkuollling nei.
"Ik heb het stomme advies gegeven: 'ga slapen'. Dat kon ze niet. Ze kreeg een paniekaanval. Ik heb haar uiteindelijk een uur lang op schoot vastgehouden. Tegen me aangehouden. Over haar haar geaaid."
Dan kin se noch safolle ekspertize hawwe as dokter, as se helpe kin mei ien op 'e skurte hâlde en oer it hier aaie, fynt frou Boendermaker dat ek prima.
Slachtoffers © Annemieke Ellen Boendermaker
Boendermaker kin de yndrukwekkende dagen yn Turkije wol goed ôfslute, seker no't de struktuer wat mear weromkaam is yn it lân. Yn it begjin wiene bygelyks soarchferlieners op syk nei eigen famylje en bekenden. Se wiene net by steat om helpferlieningswurk te dwaan.
"Ik ben erg dankbaar dat de Turkse overheden, organisaties en lokale zorgverleners teruggekomen zijn en het weer opgepakt hebben. Dat ze ons ook zelf het signaal hebben gegeven: het is goed zo. Jullie mogen het loslaten. We gaan het nu zelf weer doen. We hebben zeker wel degelijk iets kunnen bijdragen."