Aksjedei yn Fryslân foar ierdbevingslachtoffers yn Turkije en Syrië

Giro 555 © ANP
Hiel Nederlân komt hjoed yn aksje foar Giro 555. Ek yn Fryslân wurdt op ferskate plakken jild ophelle foar slachtoffers fan de swiere ierdbeving yn Turkije en Syrië, wêrby't yntusken mear as 40.000 deaden meld binne.
Woansdei stiet yn it teken fan aksjes foar de slachtoffers en help dy't de minsken yn de troffen gebieten nedich hawwe. Sa ferkeapje learlingen fan de Friese Poort yn Drachten sop, it gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert ferkeapet broadsjes foar Giro 555. Op ferskate plakken dogge minsken Heitje voor een Karweitje, in putsje foar lytse fergoeding.
Yn de ôfrûne dagen makken ek in soad Fryske gemeenten bekend dat se in euro de ynwenner donearje sille. De teller fan Giro 555 stiet op it stuit op 28,6 miljoen euro.

Omtinken op radio

Omrop Fryslân besteget fia de radio de hiele dei omtinken oan aksjes rûnom yn de provinsje. Yn ferskate programma's komme helpferlieners oan it wurd en prate wy mei minsken dy't harren hjoed ynsette foar de ierdbevingslachtoffers. Boppedat kinst yn No derfoar tusken 9.30 oere en 12.00 oere dyn favorite plaat oanfreegje tsjin in donaasje oan Giro 555.