Wytmarsum hat gjin doarpshûs en de gymseal is hast oan ein: "Een MFC zou fantastisch zijn"

De gymseal yn Wytmarsum is hast oan ein en der binne hast gjin moetingsromten yn it doarp. Dêrom wol doarpsbelang mei de ynwenners yn petear oer wat de mooglikheden binne.
"De afgelopen jaren zijn de twee gelegenheden die er waren opgeheven of verkocht zijn", seit Paul van Steijn fan Doarpsbelang Wytmarsum. "Daardoor zijn de mogelijkheden voor verbinding bijna nul geworden."
"Er wordt wel wat gedaan in het dorp, maar een plek voor verbinding, met een gymzaal en een dorpshuis, staat wel heel hoog op onze verlanglijst."
Multyfunksjoneel sintrum
In multyfunksjoneel sintrum soe neffens Van Steijn in geskikte oplossing wêze. "Dat zou fantastisch zijn." Neffens him is it der grut ferlet fan it byinoar bringen fan de minsken yn it doarp op in sintraal plak.
Foar sa'n nij sintrum sil wol jild fan de gemeente nedich wêze. Dochs tinkt Van Steijn dat it doarp dêr wol kâns op makket. "Omdat de gymzaal in Witmarsum op z'n eind loopt. Er is onderzocht of de gymzaal naar nieuwe klimaatdoelen geschikt gemaakt kan worden, en daaruit blijkt dat dat duurder is dan een nieuwe gymzaal bouwen."

En dy útkomst biedt hoop, seit Van Steijn. "Dat zou een gelegenheid kunnen zijn dat wanneer je een nieuwe gymzaal bouwt, dat op dat moment dat dorpshuis erbij aangebouwd wordt. Daarmee kun je de kosten enorm drukken."
Woansdeitejûn is der in gearkomste yn de eardere grifformearde tsjerke fan it doarp. Dêr sil it doarpsbelang soargje moatte foar draachflak ûnder de bewenners foar it plan fan in MFC. Dêr hat Van Steijn alle betrouwen yn: "Als zo'n dorpshuis er zou komen, denken wij dat daar een heel stuk enthousiasme over komt."