HEA! Ballet yn de loft
HEA! Protterspotter
It is alle jûnen wer in fassinearjend skouspul. Tichtby Grou meitsje hûnderttûzenen protters de moaiste foarmen yn de loft. Symon Odinga genietet alle kearen wer fan de manjefike prottershow.
Dat de protters inoar net reitsje bliuwt bysûnder. Neffens Odinga fleane se gemiddeld sa'n 35 kilometer de oere en hâlde se harren direkte buorlju yn de gaten. Gean dy nei rjochts, dan fleane sy ek nei rjochts en komme se nea yn botsing mei inoar.