Leafdesferklearring fan natuerorganisaasjes foar it Noarden: "Nei eigen krêft sjen"

De organisasjes by elkoar © Omrop Fryslân
It Noarden moat útgean fan de eigen krêft en net driuwe op de Lelyline. Mei dat boadskip komme acht noardlike natuer- en miljeuorganisaasjes yn harren rapport 'De kracht van het Noorden'.
Under oare it Fryske Gea, Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer hawwe it rapport ûnderskreaun. Neffens de belutsen organisaasjes is it stik in oanfolling op it Deltaplan foar it Noarden. Hjiryn steane de plannen foar de Lelyline, en de dêrmei gearhingjende bou fan 220.000 wenningen.
It rapport waard tiisdeitemoarn oanbean oan de trije kommissarissen fan de Kening yn Fryslân, Grinslân en Drinte op in Valentijnskuier yn Bakkefean.
De natuerorganisaasjes wolle lykwols net dat al dy tûzenen wenningen der komme. Neffens harren giet de polityk der te bot fanút dat it Noarden in úthoeke is fan Nederlân, dêr't driuwend ferlet is fan in rappe ferbining mei de Rânestêd. Wylst it Noarden neffens de organisaasjes perfoarst gjin 'oerrin' is fan de grutte steden yn it Westen, en krekt nei har eigen krêft sjen moat.
Leafdesferklearring foar natuer noarden oan trije CDK's
De natuerorganisaasjes binne dúdlik noch net entûsjast oer de plannen fan de Lelyline, sy wolle krekt dat der ynvestearre wurdt yn al besteande ynfrastruktuer. Hjirby kin tocht wurde oan bettere OV-ferbiningen en ek rappe fytspaden tusken wichtige plakken.
Dêrnjonken tinke de organisaasjes dat toerisme en rekreaasje wichtich is foar de ekonomy fan de trije noardlike provinsjes. Ek de lânbou soe in pylder wêze moatte foar de regio, al wize de organisaasjes der wol op dat dy lânbou in transysje trochmeitsje moat. By dizze omfoarming wolle de organisaasjes graach gearwurkje mei de lânbou.