Regionale publike omroppen lansearje earste folslein ûnôfhinklike stimhelp

Mei tolve oare regionale omroppen en Kieskompas hat Omrop Fryslân in stimhelp ûntwikkele foar de kommende Provinsjale Steateferkiezingen op 15 maart. Fan 16 febrewaris ôf kin der gebrûk fan makke wurde fia de webside en app.
De stimhelp rjochtet him yn eltse provinsje op tema's dy't dêr spylje. "Zo is het winnen van gas in de Waddenzee een belangrijk thema in Fryslân, terwijl de verschraling van het openbaar vervoer juist in Zeeland de gemoederen bezighoudt", fertelt Sander van Barneveld, foarsitter fan it oerlis fan haadredakteuren fan de regionale publike omroppen.
Kiezers kinne mei de stimhelp harren miening goed ferlykje mei dy fan de politike partijen.
De stellingen yn de stimhelp binne opsteld troch sjoernalisten fan de regionale omroppen. Earder wurke Kieskompas benammen gear mei politisy. "Door de samenwerking met regionale omroepen hebben we een stemhulp kunnen maken zonder enige bemoeienis van politieke partijen", seit Willem Blanken, direkteur fan Kieskompas.
Dêrneist binne alle antwurden fan de politike partijen tsjekt oan de hân fan iepenbiere boarnen. Blanken: "Kiezers kunnen deze bronnen raadplegen en partijen hierop aanspreken. Door deze strenge controle levert Kieskompas betrouwbare informatie over de standpunten van partijen. Politiek opportunisme en sjoemelen met antwoorden is uitgesloten."