Kok en Groenewoud slaan wrâldbekerfinale oer, Rijpma-de Jong en Bergsma ride no wol

Marijke Groenewoud tidens de wrâldbekerwedstriid fan ôfrûne wykein © Orange Pictures
Marijke Groenewoud wûn it ôfrûne wykein noch twa wrâldbekerwedstriden, mar dat keunstje sil se net werhelje. Tegearre mei Femke Kok is se weromgien nei Nederlân.
It twatal slacht de wrâldbekerfinale oer, dy't freed, sneon en snein yn it Poalske Tomaszów Mazowiecki is. It past net yn harren tarieding op it belangrykste toernoai fan it seizoen: it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Thialf fan 2 oant en mei 5 maart.
Der stiet tsjinoer dat de reedriders fan Jumbo-Visma krekt wol meidogge oan de wrâldbekerfinale. It betsjut dat Jorrit Bergsma en Antoinette Rijpma-de Jong wol aktyf wêze sille kommend wykein, yn tsjinstelling ta it ôfrûne wykein. Doe sloegen se de wrâldbekerwedstriid noch oer.
Myrthe de Boer mocht troch de ôfmeldings har wrâldbekerdebút meitsje. Se bliuwt yn Poalen want troch de nije ôfsizzings, mei se op 'e nij de 1.500 meter ride.
Der steane yn totaal seis Friezen oan de start op de ferskate ôfstannen kommend wykein. Dat binne Michelle de Jong (500, 1.000 meter en teamsprint), Marrit Fledderus (500, 1.000 meter en teamsprint), Antoinette Rijpma-de Jong (1.000, 1.500 en 3.000 meter), Reina Anema (1.500 en 3.000 meter), Myrthe de Boer (1.500 meter) en Jorrit Bergsma (5.000 meter).
Bergsma rydt allinnich de 5.000 meter by de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Op de massastart jout bûnscoach Rintje Ritsma de foarkar oan Louis Hollaar en Bart Hoolwerf.
Dat hat dermei te krijen dat de Nederlânske ploech noch punten helje moat om op it WK mei twa manlju starte te meien op de massastart. Dêrfoar moatte der twa manlju yn it wrâldbekerklassemint by de bêste 24 stean.
Op dit stuit stiet Hoolwerf fjirde, dus dy rêdt it maklik. Hollaar stiet njoggentjinde en dêrmei heger as Bergsma (26e). Dêrom jout Ritsma de foarkar oan Hollaar boppe Bergsma.