Steatefraksje CDA wol Holwert oan See noch in kâns jaan

In part fan it Holwert oan See-plan © Buro Harro
De Statefraksje fan it CDA wol Holwert oan See noch in kâns jaan om de plannen fierder út te wurkjen. Dat betsjut dat der op 22 febrewaris in romme mearderheid yn Provinsjale Steaten is om it plan foarearst trochgean te litten.
De CDA-fraksje fynt dat in tal saken yn it plan noch ûnfoldwaande dúdlik is en net goed útwurke. Der moat, as it oan dy partij leit, foar de hjerst bygelyks mear dúdlikheid komme oer de begrutting, it behear, eigendom, ûnderhâld en de romtlike konsekwinsjes.
"In 'gedurfd' inisjatyf as dit, fan ûnderop mei safolle draachflak en útstrieling nei de regio, fertsjinnet wurdearring en respekt, mar ek in soarchfâldige ôfwaging. Wy moatte emoasje en ratio skiede en mei sûn ferstân sjen nei wat no foar leit ta beslútfoarming", seit fraksjefoarsitter Aebe Aalberts.
"De takomst foarsizze kin gjinien, mar foar in definityf oardiel oer it plan is mear ynsjoch op ûnderdielen fan it plan nedich. Dêrneist is de ynformaasjefoarsjenning rjochting Steaten te beheind om in goede ôfwaging meitsje te kinnen."
Yn it neijier nimme de Steaten in beslút oer it definityf wol as net trochgean fan it projekt.