Resinsje Snorro: In boadskip mei in knypeach

As Sint Piter yn febrewaris Grou wer oandocht om syn jierdei te fieren, wurdt tradysjegetrou ek it Sint Pitermearke opfierd. Dit jier alwer foar de 71ste kear.
Allinnich dat is al in prestaasje fan formaat. Hielendal as je witte hoefolle Sinterklazemearkes oft troch de jierren hinne yn Fryslân sneuvele binne. En dat Grou boppedat troch corona twa jier lang sels it mearke ek net spylje koe. Dochs is it Grou wer slagge om mei Snorro in ûnderhâldende foarstelling op de planken te krijen. Foar jong en âld!

Snorro, de foarstelling dy't we noch kenne yn de útfiering fan it RO Theater út Rotterdam, is oarspronklik in musical foar bern fan acht jier en âlder. De Fryske ferzy dy't Grou makke hat, is lykwols ek foar de folwoeksen taskôger mear as it besjen wurdich. Al mei al in noflik jûntsje út mei no en dan hiel kreas aktearwurk. Al hat it sjongen yndividueel wolris better west.
Timide
Wat it toanielspul oanbelanget docht de spilersgroep wat fan him ferwachte wurde mei. Klaas Jan Bosma spilet de wat timide Don José dy't no en dan transformearret ta de superheld Snorro. Bygelyks as hy de sjarmante bardame Cochita rêde moat út de klauwen fan de kommandant fan it legioen dat it doarpke La Burrito en syn bewenners terrorisearret.
Yn syn striid tsjin it ûnrjocht krijt Snorro stipe fan syn trouwe hynder Wervelwyn. In babbelsike happe, dy't eins dreamt fan in karriêre as dragqueen-standup-comedian. Hoe absurd wolle je it hawwe.

Regisseur Brecht Wassenaar hâldt de gong der kreas yn. Letterlik sels as Esmaralda en har dochter Dolores yn in rattelmansreau sabeare oer it poadium dinderje. Fansels dat Jeroen van der Meer as de Spaanske dame de lakers op 'e hân krijt.
It is oars de bouploech ek dit jier wer slagge om in fleurich en funksjoneel dekôr op te setten, dat de taskôger meinimt nei it Meksikaanske doarpke La Burrito. Leafst 26.580 km fan Grou ôf. Drûge Ham is neffens de rjochtingoanwizer op it poadium mei in ôfstan fan 374 kilometer dan krekt wat tichterby.
Effektyf
Is it dekôr sober mar effektyf, oan de kostúms en rekwisiten is dúdlik ekstra omtinken jûn. Net allinnich de outfit fan de preemjejagers kin besjen lije, benammen de fearretoai fan de gier makket yndruk.
Moai ek hoe't de sênes net allinnich op it poadium spile wurde, mar har no en dan nei de bar achteryn de seal ferpleatse. It publyk moat dan wol efkes syn bêst dwaan om alles goed sjen te kinnen. It effekt leannet de muoite en hâldt de spanning fan it gehiel ferrassend fêst.

Dat publyk wurdt ek nochris aktyf by de foarstelling belutsen as inkele taskôgers troch de legerkommandant ronsele wurde om as slaven yn de goudmyn te wurkjen. Troch in treinstaking binne de figuranten nammentlik te let. Aardich hoe't yn de Fryske bewurking fan Hans Nieuwenhuis gauris ferwiisd wurdt nei aktuele foarfallen en situaasjes.
Oertsjûgjend
Snorro biedt al mei al de taskôger in bûnt spektakel dat benammen fermeitsje wol. Yn dat ramt dogge alle spilers ek wat se dwaan moatte. Neat mear en neat minder. Al bliuwt it hearlik om te sjen hoe oertsjûgjend oft Sijtse Keekstra de kwea-aardige kommandant spilet. Moai!

De muzikale begelieding is ek dit jier wer yn de betûfte hannen fan Remko Hoitsma. Dizze kear net achter de piano, mar op gitaar om Meksikaanske sfearen op te roppen. En yn de lietsjes komt echt alles foarby. Hearlik werkenber. Fan Peggy Lee oant Bløf en fan André Hazes oant Willeke Alberti. Dat kin spitigernôch net maskearje dat it sjongen der no en dan akelich bytroch is.
Boadskip
Hawar, as ensemble presintearret de groep him as in fleurich soadsje ûngeregeld, wêrby't it entûsjasme de boppetoan fiert. Mei ek noch in dúdlik boadskip oan 'e ein. 'Bliuw jesels en doch dy net oars foar ast bist. Dat is wier it bêste.' No sa.