Tahiri skoarde twa kear yn de Fryske derby: "Dat blijft je je hele leven bij"

It winnende doelpunt fan Anas Tahiri yn de lêste Fryske derby hat safolle yndruk makke op de middenfjilder, dat er dat nea ferjitte sil. Snein giet Tahiri mei Hearrenfean op besite by Cambuur.
De Belgyske middenfjilder fan sc Hearrenfean hat wol wat mei skoaren tsjin Cambuur. Ofrûne seizoen makke hy ek al in doelpunt yn de wedstriid dy't yn 3-3 einige. Dy komt lykwols net yn de buert fan it meitsjen fan de 2-1 yn de derby fan snein 13 novimber 2022.
"Dat zijn de beste emoties die je kunt hebben als voetballer", wit Tahiri, dy't doe skoarde mei in skot fan bûten it strafskopgebiet. "Als je zo'n moment beleeft in jouw carrière, blijft dat je je hele leven bij."
It makke net allinnich yndruk op himsels, mar ek op syn famylje. Doe't Tahiri letter nei hûs ta gie, seach er de ympakt by syn húshâlding. "Ze hadden een filmpje gemaakt en als ik zie hoe mijn familie het beleefde: ik had tranen in mijn ogen toen ik zag dat ik mijn ouders en broertje zo blij maakte."
De situaasje is no lykwols oars as yn novimber ferline jier. Doe stie Hearrenfean der goed foar en wie der hast allinnich mar optimisme. No sit der wat mear segryn yn de klup, nei't de lêste fjouwer kompetysjeduels ferlern giene. "Als je vier keer op rij niet wint, is het altijd lastig", seit Tahiri dêroer.
"Maar we weten wat we kunnen en we moeten gewoon ons ding blijven doen. Als je zondag een goede wedstrijd kunt spelen, is alles vergeten", tinkt Tahiri. Wis is dat hy der bot nei útsjocht. "Het zijn de beste wedstrijden om te spelen."
De 27-jierrige middenfjilder hopet dan ek net dat Cambuur degradearret út de earedivyzje, sadat de Fryske derby ek takom seizoen wer op it programma stiet.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.