Grutte hoarekabeurs foar twadde kear yn Ljouwert: "Dit is voor ons fantastisch"

Foarich jier hienen se yn de oanrin noch lêst fan it coronafirus, mar dit jier koe it hielendal sûnder restriksjes los: HorecaEvent yn it WTC Expo yn Ljouwert. It is de grutste hoarekabeurs fan Noard- en East-Nederlân.
"Dat is wel heel fijn om weer zorgeloos een beurs te kunnen organiseren", seit organisator Jan Vlap. De sektor komt út in rûzige tiid mei alle beheiningen fanwegen it coronafirus. "Maar gelukkig is iedereen positief gestemd en blij om hier weer te mogen staan."
Hoarekabeurs yn it WTC Expo
De beurs waard altyd holden yn Assen, mar is no foar de twadde kear yn Ljouwert, en de ûndernimmers witte de stêd goed te finen.
"De voorregistratie verliep dusdanig dat we op het niveau van 2020 zitten. Dat is het laatste jaar dat we in Assen zaten. Ik hoop dat het allemaal zo doorgaat, dan hebben we een hele goede move gemaakt door naar Leeuwarden te gaan", seit Vlap. De organisaasje hat dit jier sels in ekstra hal ynrjochte.
'Huisbeurs'
"Voor ons is het de huisbeurs, zo noem ik het", seit Jurriaan Hoekstra fan Bakker Vakkeukens út Berltsum. "We zitten hier tien kilometer vandaan, dus voor ons is Leeuwarden fantastisch."
De bedriuwen hoopje fansels mei besteande en nije klanten te praten op de beurs, mar dat is net it iennige. "Het zou mooi zijn als je aan het eind kan zeggen dat we een fantastische beurs gedraaid hebben en dat we alle kosten eruit hebben, maar dat is niet het issue", seit Arthur Egeter fan Brandsma Koffie út Boalsert. "Als je als Fries bedrijf niet op een beurs in het WTC in Leeuwarden, hoofdstad van de Friese regio, staat, dan vraag ik mij af of je wel levensvatbaar bent en het kan maken."
De hoarekabeurs duorret noch oant en mei woansdei en is allinnich foar ûndernimmers en hoarekameiwurkers. Der wurde ûngefear 12.000 minsken ferwachte.