Mei teäter it taboe oer suïside trochbrekke: "We moatte deroer prate kinne"
Mei teäter it taboe oer suïside trochbrekke
Tëaterkollektyf 't Verskil wol mei in foarstelling oer suïside it ûnderwerp besprekber meitsje. Yn de rin fan de wike spylje se it stik foar it earst yn Ljouwert en wolle se it petear oangean mei it publyk.
"Der sit in grut taboe op, mar oan de oare kant rekket it hast eltsenien. In soad minsken kenne wol ien yn de omjouwing dy't it dien hat of in poging dien hat, of minsken sitte der sels mei", fertelt regisseur Carolien Tiedema. "Yn coronatiid is it probleem grutter wurden, we moatte deroer prate kinne, sadat it úteinlik minder slim wurdt."
Frank Elsdijk, dosint Social Work en ek regisseur fan it stik, fertelt dat it net samar in foarstelling is. "We vragen niet de beste acteurs die technisch heel mooi spelen, maar mensen die zich sociaal betrokken voelen bij het onderwerp. Dat ze vanuit eigen ervaringen aansluiten en vanuit eigen verhalen en echtheid tot een voorstelling komen."

Ien fan de spilers is Kars van Voorthuizen. "Ik heb wel eens suïcidale gedachten gehad en soms nog wel. Het is een gevoelig onderwerp, mensen praten er niet graag over terwijl het wel heel belangrijk is dat het gesprek geopend kan worden", sa fynt Van Voorthuizen. "Als ik er geen ruimte voor had gehad om erover te praten dan was ik misschien wel tot actie over gegaan."
Hy tinkt dat de eangst foar de dea by in soad minsken miskien wol in reden is wêrom't der sa'n taboe op sit. "Niemand wil over de dood praten, daarom is het denk ik zo moeilijk."
"It is kwetsber om oer dit ûnderwerp te praten, om donkere gedachtes te dielen", sa follet Tiedema oan. "Je witte net hoe't in oar der op reagearje sil. Miskien hawwe se meilijen, mar sitst dêr op te wachtsjen? Of komme se mei hiele foute advizen? In soad minsken hâlde it om dy reden foar harsels."

Elsdijk hopet dat de foarstelling bydraacht oan it trochbrekken fan it taboe. "Het is mooi dat je je verhaal kwijt kunt en je je gehoord en gezien voelt. Maar waar het mij ook om te doen is, is dat andere mensen leren luisteren. Het is fantastisch als het heel goed gaat, maar luister ook eens naar het andere verhaal, dat is er ook. Er speelt van alles, bij iedereen wel, als je iemand beter leert kennen."
De foarstelling giet op 17 febrewaris yn premjêre yn teäter De Bres yn Ljouwert.
Help nedich? Belje 0900 - 0113 of chat online op 113.nl (24 oeren deis en 7 dagen yn 'e wike).