In lytse tean spile in haadrol yn it ferlies fan Hearrenfean tsjin Feyenoord: "Een mentale tik"

Quinten Timber en Ché Nunnely © Orange Pictures
Yn de wedstriid tsjin Feyenoord spile de lytse tean fan Ché Nunnely miskien wol in haadrol. sc Hearrenfean krige de bal yn it goal, mar hy stie krekt in sintimeter bûtenspul. "Jammer", fersuchtet Nunnely.
It wie de 16e minút fan de wedstriid. Pawel Bochniewicz wurke de bal tusken de latten, mar nei VAR-advys waard it doelpunt ôfkard. Nunnely stie krekt bûtenspul, sa wie it oardiel.
"Het is ook wat met die VAR en ik", seit de fuotballer sels. "Je weet natuurlijk dat als die bal afgekeurd wordt, Feyenoord extra leven krijgt. Voor ons is het misschien een kleine mentale tik."

Mei de tean oer de line

It mocht net sa wêze, troch de linkerfoet fan Nunnely dy't krekt oer de line kaam. "Ik heb maat veertig, maar een klein teentje. Helaas. Daarna scoren ze ook twee keer achter elkaar, dan wordt het lastig."
In slotoffinsyf kaam net goed mear út de ferve. "Ik denk dat we als team goed hebben geknokt. Alleen helaas geen puntje."
Ché Nunnely baalt dat er bûtenspul stie en in goal ôfkard waard
Trainer Kees van Wonderen konkludearret dat de bûtenspulkwestje fan grutte ynfloed op it duel wie. "Daar heeft het onder andere mee te maken. Dat is wel even een mentale tik, dan zit je wel even anders in de kleedkamer."

Gjin fet mear op it spul

"We zitten in een fase waarin het net niet onze kant op gaat. Daar zullen we mee moeten dealen", seit er. De trainer fûn dat syn ploech it yn de twadde helte in stik better die as yn de lêste faze fan de earste helte. "Toen hadden we helemaal geen grip. Toen maakte Feyenoord terecht de 2-0."
Van Wonderen fynt dat syn team better ferdigenje moatten hie. Hearrenfean makke it de nûmer ien fan it lân dreech, mar sûnder goede ferdigening winne je net.
Mei in trijedûbele wiksel besocht er it tij noch te kearen. "Je voelt dat je ze aan het wankelen hebt. Dan wil je energie op het veld brengen en kwaliteiten brengen die iets in een eindfase kunnen forceren. Dan neem je het gokje." Van Wonderen hope op stjitkrêft en skoarend fermogen.
Trainer Kees van Wonderen fynt dat sc Hearrenfean it better dwaan kinnen hie
Uteinlik slagge dat noch wol foar in part, mei te tankjen oan Syb van Ottele. Hy knalde de bal heech yn de goal yn de 75e minút, nei't er noch mar krekt it fjild op wie.
"Ik raakte 'm lekker en toen dacht ik al: die kant maar zo eens in de goal gaan. Ik kon het niet helemaal zien, want er stonden wat mensen voor. Maar ik zag het net bewegen, dus toen was ik wel even blij", seit er oer syn earste goal.
Syb van Ottele is wiis mei syn earste goal by sc Hearrenfean
Mar de lykmakker folge net mear, it bleau by in ferlies fan 1-2. "We kwamen niet meer echt op grote kansen. Dat is wel jammer." Van Ottele hopet dat sc Hearrenfean takom wike syn draai wer fynt as de derby folget. "Dat wordt een hele belangrijke wedstrijd. Ik denk dat dat een mooi moment is om het om te draaien."