Marijke Groenewoud wint massastart, gjin Nederlân op it poadium by 1.000 meter

Op de 1.000 meter mei de wrâldbeker reedriden yn Poalen einigen der gjin Nederlanners op it poadium. Wol pakte Marijke Groenewoud in earste plak op de massastart.
De Amerikaanske Kimi Goetz wie yn Tomaszów de fluchste op de 1.000 meter. Michelle de Jong wie mei in sânde plak de bêste Fries.
Goetz helle mei in tiid fan 1.16,00 it earste plak binnen. It wie foar it earst dit seizoen dat der hielendal gjin Nederlânske reedrysters op it poadium einigen.
Michelle de Jong waard mei 1.17,55 sânde en Ellia Smeding mei 1:17.56 achtste. Marrit Fledderus ried de tsiende tiid (1.18,13). Femke Kok moast yn de earste rit allinne ride, sy kaam úteinlik net fierder as in fjirtjinde plak (1.18,79).
De earste fjouwer kilometers yn it seizoen giene nei Jutta Leerdam, mar lyk as har teamgenoate Antoinette Rijpma-de Jong wie sy der net by yn Poalen.
Groenewoud earste op de massastart
Marijke Groenewoud fan Hallum hat it earste plak behelle op de massastart yn Poalen. Sy wûn nei 16 ronden de sprint, Ivanie Blondin fan Kanada en Mia Kilburg fan de Feriene Steaten waarden twadde en tredde. It wie in taktyske striid yn in net al te heech tempo.
Groenewoud wûn de sprint mei oermacht en hat in goed wykein yn Poalen. Sy waard freed tredde op de 3.000 meter en pakte sneon op de 1.500 meter har earste eigen wrâldbekeroerwinning.