Man hellet plysje mei 200 km/oere yn op de Sintrale As en is it rydbewiis kwyt

In auto op de Sintrale As by Dokkum © ANP
De plysje hat in 19-jierrige bestjoerder fan de Sintrale As helle dy't mei sa'n 200 kilometer yn de oere tusken Dokkum en Burgum ried. De jonge bestjoerder helle in ûnopfallende auto fan de plysje yn.
Ut in mjitting kaam úteinlik in trochsneed snelheid fan 191 kilometer yn de oere nei foaren. Dat betsjut dat de bestjoerder út de gemeente Noardeast-Fryslân syn rydbewiis by de plysje ynleverje mocht.
In dei earder moast ek al in 52-jierrige ynwenner fan Tytsjerksteradiel syn rydbewiis oan de plyje oerlangje. Hy waard op de N31 by Garyp lasere mei in snelheid fan 160 kilometer de oere, wylst dêr mar 100 riden wurde mei.