Schulting slút wrâldbeker yn Dordrecht ôf mei brûns op de 1.000 meter

Suzanne Schulting yn aksje © Orange Pictures
Shorttrackster Suzanne Schulting slút de wrâldbeker yn Dordrecht ôf mei brûns op de 1.000 meter. It einklassemint op de 1.000 meter hat sy wol oertsjûgjend wûn mei fjouwer kear winst en no in tredde plak.
Schulting moast op de twadde 1.000 meter Courtney Sarault en Kim Gilli fan Kanada en Súd-Korea foarlitte. In dei earder moast sy har al tefreden stelle mei sulver op de 1.500 meter, efter de Belgyske Hanne Desmet.
Schulting pakte ek it overall klassemint fan de wrâldbeker.

Knegt en De Laat

Sjinkie Knegt einige as tredde yn syn heale finale en waard by de wrâldbekerfinale trochferwiisd nei de B-finale op de 1.000 meter. In wike lyn sleepte hy it sulver op de 1.500 meter noch binnen yn Dresden, mar yn Dordrecht slagge it him net om de finale op dy ôfstân te heljen. Ek op de ôflossing miste hy mei it team de finale.
Itzhak de Laat fan Ljouwert wûn de B-finale. Hy ried by de manlju net de finale op de 500 meter, nei't hy yn de heale finalen as tredde finishte efter de Sinees Lin Xiaokun en de Koreaan Lim Yong Jin. Dêrmei bedarre hy yn de B-finale, dêr't er dus noch wol de winst behelle. Ek foar Rianne de Vries is der noch de B-finale.