sc Hearrenfean krijt op 'e nij in tik en ferliest mei 1-2 fan Feyenoord

Sydney van Hooijdonk en Ché Nunnely mei it swit foar de kop © Orange Pictures
sc Hearrenfean krige snein yn it eigen stadion it fiifde ferlies yn seis wedstriden te ferduorjen. It waard 1-2 tsjin koprinner Feyenoord. De fuotballers fan Hearrenfean wiene it gefoel lang kwyt yn de wedstriid.
De wedstriid waard foarôfgien troch in minút stilte út solidariteit mei de slachtoffers fan de ierdskuoddingen yn Turkije en Syrië. Flink wat Feyenoordsupporters wiene foar it duel nei It Hearrenfean ôfreizge.
Fan de foargeande fiif wedstriden ferlear Hearrenfean der fjouwer. De thúswedstriid tsjin Vitesse waard kânsleas ferlern mei 3-1, dus winne wie no wol it doel. Trainer Kees van Wonderen joech yn 't foar oan graach ris te winnen fan ien fan de tradisjonele topklups.
Xavier Mous stie op doel, want Andries Noppert is noch hieltyd blessearre. Sven van Beek wie der ek net by, yn syn plak wie Jeffrey Bruma oan de ferdigening taheakke.
It earste wapenfeit fan de wedstriid wie fan Thom Haye, dy't in moaie pegel makke, mar dy't oer de goal fleach. In skot fan Orkun Kökcü wie noch de grutste kâns oan de side fan de Rotterdammers.
Echt grutte mooglikheden ûntstiene der yn it earste kertier spyljen net. Wol krige Sydney van Hooijdonk in kâns fia Nunnely, mar syn bal sûze oer de krusing hinne.

Goal ôfkard troch bûtenspultean

Yn de 16e minút slagge it Pawel Bochniewicz de bal út in hoekskop wei binnen de latten te sjitten. It wie in koarte corner, leech foar de goal, wylst de Feyenoorders har min organisearre hiene.
Mar Feyenoord ûntsnapte oan in foarsprong foar Hearrenfean, want de goal waard nei advys fan de VAR ôfkard. It wie bysûnder sneu foar Ché Nunnely, dy't mar mei in lytse teanlingte bûtenspul stie.
Kees van Wonderen © Orange Pictures
Seis minuten letter die bliken dat it lok de oare kant op fallen wie. Feyenoord makke de 0-1, ek út in hoekskop wei. Lutsharel Geertruida stie hielendal frij by de twadde peal. Dávid Hancko ferlingde de corner en Geertruida tikte de bal binnen. Dêrmei krige Hearrenfean ek in mentale tik, wylst de ploech prima spile.
Net folle letter makken de Rotterdammers de twadde. Santiago Gimenez draaide himsels frij yn it 16 metergebiet, fûn de fiere hoeke en wurke mei links de bal binnen. Mous wie kânsleas foar de oanfaller oer.
Der leine mooglikheden, mar sc Hearrenfean wie it efkes kwyt. Benammen op it middenfjild hie de ploech der mear boppe-op sitte moatten. Echte kânsen folgen der net mear foar't skiedsrjochter Jochem Kamphuis it skoftsinjaal fluite, ek net yn de twa minuten ekstra tiid.
Santiago Gimenez wie Ché Nunnely te rap ôf © Orange Pictures
Yn it skoft bleau Rami Kaib efter yn de klaaikeamers. De ferdigener waard ynruile foar de oanfaller Osame Sahraoui, wylst de ploech fan Feyenoord ûnferoare bleau.
Hearrenfean krige op 'e nij in hoekskop tabedield, mar wist 'm net te fersulverjen. Simon Olsson koe ferlingje, mar Van Hooijdonk koe der by de twadde peal net oan komme. Ek in kopbal fan Bochniewicz bedarret nei in corner yn de hannen fan Wellenreuther.
Oussama Idrissi waard troch Feyenoord nei de kant helle en ferfongen troch Alireza Jahanbakhsh. Oan de kant fan Hearrenfean draaiden ferskate spilers waarm. Oanfaller Alex Timossi kaam it fjild yn foar Nunnely en by Feyenoord folge in trijedûbele wiksel.

Van Ottele rost de bal der yn

Dêrmei wie de hikke fan 'e daam, want ek Hearrenfean wiksele trije spilers. Van Ottele, Karlsbakk en Al Hajj kamen it gers op om Bruma, Olsson en Tahiri te ferfangen. It die bliken dat dit in goede set wie, want yn de 75e minút koe Hearrenfean it tij lang om let keare. Syb van Ottele slingere in lestige bal heech yn it doel.
Syb van Ottele fiert syn doelpunt © Orange Pictures
Hearrenfean begûn der wer yn te leauwen en jage op de lykmakker, mar de klok tikte troch. De Feansters krigen net in soad kânsen yn de twadde helte, ek de oanslutingstreffer fan Van Ottele foel wat út 'e loft.
Orkun Kökcü krige in giele kaart nei in flinke oertrêding op Daniel Karlsbakk. Der waarden fjouwer minuten oan de wedstriid taheakke. Yn de lêste minút krige Hearrenfean noch in frije traap fanwegen in oertrêding op Van Ottele, mar dy foel net goed. Flak dêrnei folge it einsinjaal, Feyenoord naam trije punten mei nei Rotterdam.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous, Van Ewijk, Bruma, Bochniewicz, Kaib, Olsson, Hae, Tahiri, Nunnely, Van Hooijdonk en Köhlert.
Opstelling Feyenoord: Wellenreuther, Pedersen, Geertruida, Hancko, Hartman, Wieffer, Timber, Kökcü, Dilrosun, Gimenez, Idrissi