Lokale en provinsjale polityk ferkenne opsjes om Turkije en Syrië te stypjen

Harry Bevers, Hanneke Goede en Jouke Douwe de Vries © Omrop Fryslân, René Koster
Lokale en provinsjale politisy út Fryslân sykje nei mooglikheden om slachtoffers fan de ierdskuoddingsramp yn Turkije en Syrië te helpen. Dat die snein bliken yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
Wethâlder Jouke Douwe de Vries (S!N Noardeast-Fryslân) wie it meast konkreet. "Hjir hawwe wy as gemeente gjin potsje foar, mar wy komme dizze wike dochs mei in foarstel. Dit is sa ferskriklik, hjir moatte jo gewoan foar stean, fine wy."
It giet om in inisjatyf dat neffens De Vries al troch mear gemeente naam is. De Vries seit dat dit komt om't sy graach mear dwaan wolle as allinnich mar meilibje. "Fansels bart dat ek. Us boargemaster hat bygelyks al mei ferskate Syryske húshâldens yn de gemeente kontakt hân, mar dêrnjonken tinke we dus ek nei oer in behoarlike donaasje."

Net de rêch takeare

SP-Steatelid en listlûker Hanneke Goede fertelde dat der ek by de provinsje gjin potsje foar ditsoarte rampen bestiet, mar dat Provinsjale Steaten wol in berop dwaan kinne op de saneamde 'Vrij aanwendbare reserve.'
Goede hopet mei in tal partijen in foarstel te meitsjen foar de gearkomste fan 22 febrewaris om dochs ek as Steaten wat te dwaan. "Ook al is het geen provinciale taak, je kunt er je rug niet naar toe draaien. Dit is een ramp van zo'n gigantische omvang, we moeten gewoon kijken wat er kan."
Harkje hjir nei in fragmint út it Nijsfoarum
VVD-parlemintariër Harry Bevers fan Ljouwert fynt dat de lanlike oerheid adekwaat hannele hat troch fuort needhelp beskikber te stellen. "Het kabinet verdient daar ook alle ruimte voor, want het is natuurlijk geen politieke kwestie."
Wol fynt Bevers dat skerp sjoen wurde moat oft help op de goede plakken terjochte komt. "Als ik in de media hoor dat de hulpverlening naar Turkije vlotter loopt dan die aan Syrië, dan vind ik dat daar wel goed naar gekeken moet worden. Want het is allemaal hartverscheurend. Iets anders kun je er niet van zeggen."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.