Doelpuntleas lykspul foar Cambuur yn Nijmegen

Michael Breij yn duel mei Dirk Proper © Orange Pictures
SC Cambuur hat sneontejûn mei 0-0 lykspile tsjin NEC. Yn de earste helte krigen beide ploegen genôch kânsen om te skoaren. Nei it skoft wie der folle minder spektakel.
By Cambuur wienen der trije wizigingen yn de basisopstelling yn ferliking mei de wedstriid tsjin Ajax fan ferline wike snein (0-5 ferlies). Bjørn Johnsen krige foar it earst in basisplak. Ek Doke Schmidt en Mitchel Paulissen mochten begjinne. Sai van Wermeskerken, Léon Bergsma en Mees Hoedemakers wienen feroardield ta in plak op de bank.
Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Schmidt, Smand, Tol, Bangura; Van Kaam, Paulissen, Foor; Breij, Johnsen en Van der Water.
It earste gefaar fan de wedstriid kaam fan NEC. In skot fan Souffian El Karouani waard út de hoeke tikke troch Cambuurgoalie Robbin Ruiter.

Blessuere Tol

De wedstriid wie yn de begjinfaze aardich yn lykwicht. Dochs wie der nei 20 minuten in flinke ôffaller foar Cambuur. Marco Tol hie lêst fan de ljisk en koe net fierder spylje. Sa moast Bergsma dochs al gau syn opwachting meitsje.
Nei in kwart wedstriid liet de nije spits fan de Ljouwerters him foar it earst sjen. Johnsen wie gefaarlik mei in kopbal, mar de bal gie krekt oer de latte fan NEC-doelman Jasper Cillessen.
De grutste kâns yn it earste healoere wie foar NEC. Nei in moaie stekpass fan Lasse Schöne koe Elayis Tavsan allinnich op Ruiter ôf. De doelman fan Cambuur kaam dêrby as winner út de striid.
Marco Tol is blessearre en moat nei de kant © Orange Pictures
Dêrnei wie it wer oan Cambuur. Dizze kear wie it Michael Breij mei in aardige ynswinger. Cillessen krige der lykwols noch krekt in hantsje tsjinoan en koe sa de iepeningstreffer fan Cambuur foarkomme.

Mei 0-0 it skoft yn

De lêste wapenfeiten fan de earste helte kamen fan NEC. In hoekskop fan Oussama Tannane kaam presys op de holle fan Landry Dimata, mar de spits fan NEC kopte de bal op de fûsten fan Ruiter.
Efkes letter kreëarre Tavsan romte foar himsels om út te heljen. De aksje wie lykwols better as it skot, want Ruiter koe rêding bringe. Sa wie it healwei de wedstriid noch 0-0.
Johnsen yn duel mei El Karouani © Orange Pictures
NEC kaam nei it skoft it bêste út de klaaikeamers. De grutste kâns wie foar rjochtsback Bart van Rooij, dy't krekt bûten it strafskopgebiet úthelle. It skot gie mar krekt njonken de goal.
De twadde helte wie kwa kânsen in stik minder spektakulêr, mar it bleau spannend oant it lêste momint. Skoard waard der lykwols net mear. Cambuur hat no 13 punten út 21 wedstriden en bliuwt dêrmei yn de degradaasjesône stean.