Soad fraach nei boeken fan bedrige auteur Pim Lammers nei stipe yn 'e krante

Pim Lammers © ANP
Yn de boekwinkels is de ôfrûne dagen in soad fraach nei de boeken fan skriuwer Pim Lammers, dy't hikke en tein is yn Easterwâlde. Dat meldt boekekoepel CPNB sneon op basis fan lûden út de sektor.
Boekwinkels dielden dat boadskip ek op sosjale media. De útjouwerij fan Lammers koe sneon noch gjin konkrete ferkeapsifers jaan, meldt it ANP.
Lammers besleat him werom te lûken as dichter foar de Berneboekewike nei't er meardere deadsbedrigingen krigen hie fanwegen in ferhaal fan syn hân út 2015. Dat gie oer in relaasje tusken in jonge en syn trainer.

Paginagrutte advertinsje

Auteurs en útjouwers pleatsten sneon yn alle lanlike deiblêden in paginagrutte advertinsje om stipe te betsjûgjen oan Lammers. De auteur krige ek stipe fan Fryske literêre kopstikken as de skriuwers Johan Veenstra en Tialda Hoogeveen en útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk.
Alle 1.500 boekwinkels yn Nederlân bringe it wurk fan de skriuwer dizze wike aktyf ûnder de oandacht fan de besikers fan harren winkels.

Oanjefte

Lammers hat oanjefte dien fan de drigeminten.