Wêr is de mol? Tellers bringe mollebulten yn kaart

Harrie Bosma © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn hiel Nederlân wurde dit wykein mollen teld, want eins is it net goed dúdlik hoefolle oft der binne. It bistje hat de reputaasje greiden en tunen te skansearjen, mar hat ek in positive kant.
De tellers sjogge foar elts kilometerhok oft der mollebulten binne. Sa krijst in generaal idee hoefolle mollen oft der binne, want de bistjes sels sjogge je gewoanwei net in soad, leit Harrie Bosma fan de Zoogdiervereniging út.
Molletelling
Op de polderdiken neist De Tsjonger by Mildaam tilt it op fan de mollebulten. It lân derneist is sa goed as leech. En dat hat benammen te krijen mei it feit dat diken in stik drûger binne. Yn de grûn sitte ek in soad wjirmen. As it minder goed giet mei it bioferskaat nimt ek it tal mollen gau ôf.
De mol kin lykwols ek goed wêze foar it gers. De graver yt skealike ynsekten op. "Hy fret in hiel soad emelten op", seit Bosma. "Dy frette úteinlik de woartels fan it gers op. Ast hjir in hiel soad emelten yn it lân hast, dan wurdt it ien grutte, giele massa."
Harry Bosma oer de molletelling