Nederlân, mei Schulting en De Laat, wint goud op mixed relay by wrâldbekerfinale shorttrack

De Nederlânske relayploech yn aksje © Orange Pictures
It Nederlânske team mei de Friezen Itzhak de Laat en Suzanne Schulting hat goud wûn op de mixed relay by de wrâldbekerfinale shorttrack yn Dordrecht.
De Nederlânske ploech waard kompleet makke troch Jens van 't Wout en Xandra Velzeboer. Njonken Nederlân stienen Kanada, Italië, de Feriene Steaten en Poalen yn de A-finale.
Nederlân pakte fuort de lieding en eins koe allinnich Kanada folgje. Healwei de wedstriid namen de Kanadezen sels de lieding, mar nei in goede wiksel tusken Schulting en Velzeboer pakte Nederlân de kopposysje al gau werom.
Slotrider Van 't Wout joech it earste plak net mear út hannen en dus wie der goud foar Nederlân.

Sulver foar Schulting op de 1.500 meter

Goud hie Schulting earder op de dei ek graach pakke wollen op de 1.500 meter. Se moast lykwols tefreden wêze mei sulver.
De finale wie in gaoatyske rit, wêrby't Schulting de wedstriid yn earste ynstânsje ûnder kontrôle like te hawwen op de twadde, tredde posysje.
Fjouwer rûntsjes foar de ein pleatste Schulting in oanfal, mar se kaam yn de knipe. Yn de lêste ronde wie it de Belgyske Hanne Desmet dy't fan de gaos profitearre en binnentroch kaam. Sa wie it goud foar har.
Mei in kreaze manoeuvre pakte Schulting op de finishstreek noch wol it sulver.
Snein rydt Schulting noch de 1.000 meter.
Sjinkie Knegt waard op de 1.500 meter fjirde yn de heale finale en pleatste him dêrmei foar de B-finale. Yn de heale finale lei hy lang mei Jens van 't Wout by de earste twa, mar oan de makke hy twa foutsjes en glied hast ûnderút, mei as einresultaat in fjirde plak.
Yn de B-finale krige hy in triuw fan Sebastian Lepape. Hy moast dêrtroch fan it lêste plak opklimme nei foaren. Syn ynhelrace wie fraai, mar hy kaam net fierder as in fjirde plak.

De Laat en De Vries der gau út

Itzhak de Laat waard yn de kwartfinale útskeakele op de 1.000 meter. Lang lei hy op it twadde plak, mar oan de ein waard hy troch twa riders passearre en lei hy derút.
Rianne de Vries hie har moarns fia de twadde kâns pleatst foar de heale finale fan de 1.500 meter. Se waard fyfde yn har race en mocht troch nei de B-finale. Dêryn waard De Vries fjirde.

Schulting ûnderút

De Nederlânske frouljusrelayploech mei Suzanne Schulting, Xandra Velzeboer en Rianne de Vries waard yn de heale finale útskeakele troch in flater fan Schulting. Se kaam mei de punt fan har reed yn it iis en foel. Dêrtroch waard Nederlân fjirde en lêste. De winst yn it einklassemint sit der dêrtroch net mear yn foar Nederlân.
Ek de manljusploech is der moarn net by yn de A-finale. Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt waarden mei Teun Boer en Jens van 't Wout tredde yn de heale finale en dat wie net genôch. Nederlân moast belies jaan tsjin de Koreaanske en de Japanske ploech.