Liveblog
|
12 febrewaris
sc Hearrenfean ferliest fan Feyenoord | Groenewoud wint massastart | 4-0 UNIS Flyers
Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein:
- UNIS Flyers wint mei 4-0 fan Zoetermeer Panters;
- Marijke Groenewoud hat de massastart op har namme skreaun;
- LDODK nimt in 17-23 winst tsjin Blauw-Wit mei nei hûs;
- Suzanne Schulting pakt brûns op de 1.000 meter;
- sc Hearrenfean ferliest mei 1-2 fan Feyenoord;
- Tim Prins hat sulver pakt op it WK reedriden foar junioaren yn Inzell;
- Marijke Groenwoud hat ferrassend de 1.500 meter wûn op de wrâldbeker langebaan yn Poalen;
- Suzanne Schulting mist it goud op de 1.500 meter bij de wrâldbekerfinale shorttrack;
- Harkemase Boys spilet lyk, Bûtenpost ferliest;
- Danny Noppert is útskeakele op de Players Championship 1;
- SC Cambuur en NEC skoare net;
- Harm Visser hat de trettjinde KPN Marathon Cup fan it seizoen wûn;
- De basketballers fan Aris koenen krekt net stunte tsjin koprinner Den Bosch;
- Friso Snits hat fearkrêft toand yn de wedstriid tsjin Sliedrecht Sport;
- De heale finale is it einstasjon faor Sander Arends op it ATP-toernoai fan Montpellier;
- De UNIS Flyers hawwe mei dûbelde sifers wûn fan de Zoetermeer Panters.
Dit blog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 12 febrewaris, 20:39
snein 12 febrewaris
20:39
De ein fan dit liveblog
Oant safier de Fryske sport fan dit wykein. Tank foar it folgjen!
20:39
Danny Noppert wint mei 8-3
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat yn in Darts Players Championship-toernoai fan Simon Whitlock wûn. Hy helle in 8-3 oerwinning binnen, syn fjirde PDC-titel op Players Championship 2 yn Barnsley. It is pas it twadde fliertoernoai fan it jier.
19:40
UNIS Flyers wint mei 4-0 fan Zoetermeer Panters

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe mei 4-0 fan Zoetermeer Panters wûn. Yn de earste perioade bleaune beide teams noch op nul hingjen, mar yn de twadde perioade kamen de Flyers troch in goal fan Henri Ruotsalainen op foarsprong. Likegoed UNIS Flyers as Zoetermeer krigen kânsen yn de twadde perioade. It spyljen wie bytiden wol rommelich. Pas yn de tredde perioade wisten de iishockeyers har foarsprong echt goed út te bouwen. Jasper Nordemann en Lars den Edel skoarden en krekt foar it einsinjaal wist Ruotsalainen noch in twadde doelpunt te meitsjen.
Dêrmei stiet UNIS Flyers op 51 punten, wêrmei't sy op dit stuit op it twadde plak yn de Bene League steane. Woansdei moatte de iishockeyers wer yn aksje komme, dan spylje sy thús tsjin Chiefs Leuven.
19:12
Groenewoud wint massastart
Marijke Groenewoud fan Hallum hat it earste plak behelle op de massastart yn Poalen. Sy wûn nei 16 ronden de sprint, Ivanie Blondin fan Kanada en Mia Kilburg fan de Feriene Steaten waarden twadde en tredde. It wie in taktyske striid yn in net al te heech tempo. Groenewoud wûn de sprint mei oermacht en hat in goed wykein yn Poalen. Sy waard freed tredde op de 3.000 meter en pakte sneon op de 1.500 meter har earste eigen wrâldbekeroerwinning.
18:38
LDODK nimt de winst mei nei hûs
De kuorballers fan LDODK hawwe mei 17-23 wûn fan Blauw-Wit. De Gordyksters spilen yn de hal fan har tsjinstanners yn Amsterdam. Harjan Visscher en Femke Faber mochten beiden fiif doelpunten op har namme skriuwe, dêrmei wienen sy de topskoarders yn it duel. De ploech kaam al yn de earste helte op foarsprong. Sy giene mei 8-13 de klaaikeamers yn. It ferskil tusken it tal doelpunten waard net lytser as trije, LDODK rûn hieltyd mear út.

18:31
"Een mentale tik" foar sc Hearrenfean
Yn de wedstriid tsjin Feyenoord spile de lytse tien fan Ché Nunnely miskien wol in haadrol. sc Hearrenfean krige de bal yn it goal, mar hy stie krekt in sintimeter bûtenspul. "Jammer", fersuchtet Nunnely. "Je weet natuurlijk dat als die bal afgekeurd wordt, Feyenoord extra leven krijgt. Voor ons is het misschien een kleine mentale tik."
Lês ek:
