FryslânDOK: Joke Folmer, boadskipfamke fan it ferset

Joke Folmer © Thom Verheul
Yn desimber 2022 ferstoar fersetsfrou Joke Folmer op 99-jierrige leeftiid op har eilân Skiermûntseach. Oan de hân fan har oantinkens oan de oarloch makke de eilanner regisseur Thom Verheul de dokumintêre 'Boadskipfamke fan it ferset'. In part fan de film is dramatisearre, mei Willemien Slot dy't de jonge Joke spilet.
FryslânDOK Joke Folmer - 'Boadskipfamke fan it ferset' (werhelling fan maaie 2022)
Sneon 11 febrewaris NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.08 oere)
Snein 12 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Op har santjinde gong Joke mei húswurk lâns by har ûnderdûkte Joadske hertsfreondinne Rosette Bannet. Doe't de famylje oppakt waard, begûn Joke itensbonnen en munysje rûn te bringen. Se brocht hûnderten minsken, foaral piloaten, yn feilichheid.
Jong en koelbloedich wist Joke út hannen fan de nazi's te bliuwen, mar yn 1944 waard se arrestearre en ta de dea feroardiele.
Willemien Slot spilet Joke Folmer © Thom Verheul
Dochs wist Joke de deastraf te ûntrinnen. Se kaam mei in groep oare finzenen yn Dútslân telâne. By Dresden setten de Russen de doarren fan de finzenis iepen, wêrnei't Joke en de oaren nei in wikenlange foettocht yn in Amerikaansk kamp bedarren. Wurch en ferswakke berikten se befrijd Nederlân. Joke wie doe krekt 22 jier.
Joke Folmer © Omrop Fryslân
Joke Folmer krige de heechste ynternasjonale ûnderskiedings foar har fersetswurk, foaral foar it rêden fan alliearre piloaten. Op Skiermûntseach rjochte Joke Folmer it 4 maaie-komitee op. Sûnt dy tiid komme der hûnderten minsken by de jierlikse betinking op it Earebegraafplak Vredenhof.
Tinkstien foar Rosette Bannet © Omrop Fryslân
Se organisearre reünys foar alliearre fleaners en harren famyljes en brocht dy yn kontakt mei de Nederlânske boargers wêrby't se ûnderdûkt sitten hiene.
Joke soarge derfoar dat der tinkstientsjes, 'Stolpersteine', lein waarden by eilanner huzen dêr't Joaden yn de oarloch wennen. Ek foar it hûs fan Rosette Bannet, de yn Auschwitz fermoarde skoalfreondinne fan Joke, is yn 2022 yn Zeist in tinkstientsje pleatst.
Thom Verheul oer de dokumintêre