Troch PTSS by de Voedselbank: "Ik dacht steeds dat er niks was, maar in 2015 brak ik"

Rob © Omrop Fryslân
Oarlochsfeteraan Rob (64) tsjinne yn Libanon en hat PTSS. Hy libbet fan in lytse útkearing, mar kin dêr net folslein fan rûnkomme. Elke twa wike krijt hy in pakket fan de Voedselbank.
Yn de jierren tachtich hat Rob op missy west nei Libanon. "Je zit daar constant onder spanning en denkt: wat gaat er met je gebeuren?", fertelt Rob as hy weromtinkt oan dy tiid. Lang kin er der net oer prate en foto's kin er ek net mear besjen.
"Toen ik terug kwam heb ik constant doorgewerkt om mijn gevoel te ontvluchten. Ik werkte zestig tot zeventig uur per week. Om het te vergeten en er niet aan hoeven denken."
Rob yn Libanon © Omrop Fryslân
Mar doe gie it op 12 desimber 2015 mis. "We kregen de Nobelprijs van de Vrede en ik ging naar Doorn om een speld te krijgen. Daar brak ik."
Rob krijt de diagnoaze PTSS, mar bliuwt trochwurkjen oant 2018. "Toen moest ik van de psychiater rust hebben en aan de medicijnen. Ik belde mijn werkgever hierover. Een paar weken later had ik een brief in de bus dat mijn contract niet werd verlengd. Dan ga je de WW in en dan begint het."
Earmoedeferhaal: Rob Thijsmeijer
Earmoed kin elkenien oerkomme. Hieltyd mear minsken meitsje gebrûk fan de Voedselbank, want rûnkomme yn dizze tiid wurdt allinnich mar lestiger. Omrop Fryslân folge dêrom juf Bianca, kraanmachinist Wietze Harm en âld-militêr Rob. Alle trijen fregen om help en hienen dêr ferskate redenen dêrfoar.
Fan tongersdei oant en mei sneon binne de reportaazjes te sjen yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed (fan 17.00 ôf mei elk oere in werhelling. En op 12 febrewaris stiet it radioprogramma Buro de Vries yn teken fan dizze ferhalen.
Rob waard 100 persint ôfkard en moat rûnkomme fan in útkearing. As er syn hier en enerzjyrekken betelle hat, bliuwt der noch 150 oant 160 euro oer. "Ik lette niet op mijn rekening. Ik kocht maar en deed maar. Ik kon mijn huur niet meer betalen. Toen heb ik via het Veteraneninstituut een budgetcoach gekregen. Die kijkt nu mee. Hij heeft voor mij de Voedselbank geregeld."

Gjin skamte

Ien kear yn de twa wike stiet Rob yn Wolvegea yn de rige om syn itenspakket op te heljen. Foar him en foar syn buorfrou. "Liever had ik het ook niet gehad, maar ik vind het niet erg. Er zijn zoveel mensen die zich ervoor schamen, maar ik niet. Ik ben blij dat het er is."
Rob lit de hûn út © Omrop Fryslân
Mentaal giet it yntusken in stik better mei Rob. "De scherpe randjes zijn eraf. Maar ik raak nog steeds erg getriggerd door drukte."
Syn grutte passy binne syn bisten. "Ik zorg er wel voor dat mijn beesten altijd eerst eten hebben. Die zijn voor mij het belangrijkste. Ik heb vier katten en twee honden. Een dier geeft liefde zonder terug te vragen. Ze komen altijd bij je terug. Ook als je een keer boos bent, ze komen weer bij je terug."