Wenbuorkerij en wenhûs en ferlern gien by grutte brân yn Gau
By in grutte brân oan de Boeijengastrjitte yn Gau binne freedtejûn in wenbuorkerij en in wenhûs ferlern gien. Foar fjouwer bewenners wurdt ûnderdak socht.
De brânwacht skaalde nei de melding op nei 'tige grutte brân. De bewenners wienen by oankomst fan de brânwacht al út de gebouwen. Yn de buorkerij siet in muzykstudio fan muzikant Ernst Langhout.
Grutte brân yn Gau
De korpsen fan Snits, Mantgum, De Jouwer, Grou, Boalsert en Drylts kamen te plak om it fjoer út te meitsjen. Dêrby moasten se rekken hâlde mei mooglik eksplodearjende gasflessen, sa liet de brânwacht witte.
Fanwegen de reekûntwikkeling waard in part fan de Marsdyk ôfsletten. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.
De wurdfierder fan de brânwacht, Priscilla Klock, oer de brân yn Gau