Prima earste dei foar Knegt en Schulting by wrâldbekerfinale

Shorttrackers Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting ha freed by de wrâldbekerfinale yn Dordrecht de foarronden goed oerlibbe. Ek Itzhak de Laat hie sukses.
Knegt die it goed op de 1.500 meter. Hy waard yn syn kwartfinale twadde en pleatste him foar de heale finale.
Op de 1.000 meter hie hy ek gjin muoite en waard hy mei gemak in kear earste en in kear twadde yn syn heat.
Suzanne Schulting ried freed twa races en wûn dy beide ienfâldich. Earst die se dat op de 1.500 meter en wûn se har race maklik. Op de 1.500 meter giet se troch nei de heale finale. Ek de 1.000 meter wûn se mei grut ferskil.
Schulting op syk nei wint op wrâldbekerklassemint
De wrâldbekerfinale yn Dordrecht is de lêste wrâldbeker fan it seizoen. Schulting stie nei fiif fan de seis wrâldbekers earste op de 1.000 meter, tredde op de 500 meter en achtste op de 1.500 meter.
Knegt docht allinnich serieus mei yn it wrâldbekerklassemint fan de 1.500 meter. Mei troch syn sulveren medalje fan ferline wike yn Dresden stiet hy yn dat klassemint no fiifde.
Sjinkie Knegt: 'Ik stean noch hieltyd efter myn krityk'
Itzhak de Laat hie it dreech op de 1.000 meter, mar oerlibbe de foarronden wol. Hy waard yn de foarronden twadde en yn de heat tredde, mar mocht as ien fan de tiidfluchsten troch.
Op de 500 meter gong it eins itselde. Twadde yn de foarronde; tredde yn de heat en dus troch nei de kwartfinale op de 500 meter.
Rianne de Vries waard as iennige Fries útskeakele. Se kaam op de 1.500 meter in pear sintimeter tekoart en waard tredde yn de kwartfinale. Ek yn de heats fan de 1.000 meter waard se tredde, mar mocht se troch, omdat se hindere waard troch de Italiaanske Gloria Ioriatti.
Mixed relay ek suksesfol
Ek de mixed relay wie suksesfol. Mei Teun Boer, Jens van 't Wout, Selma Poutsma en Xandra Velzeboer wûnen yn de kwartfinale en bleaunen Kanada, Frankryk en Oekraïne foar.
De relayploech by de froulju wûn ienfâldich har kwartfinale. Mei Schulting yn de ploech gongen se as earste troch nei de heale finale fan sneon. Ek de manlju hiene it net dreech. Knegt en De Laat rieden mei yn de relayploech en yn harren kwartfinale waarden se twadde efter Súd-Koreä.
Sneon wurde de medaljes ferdield op de 1.000 en 1.500 meter en op de mixed relay. Snein kinne der dan wer medaljes wûn wurde op de 1.000 meter en op de 500 meter en op de relay foar manlju en froulju.