Mooglik basisplak foar Sahraoui by sc Hearrenfean tsjin koprinner Feyenoord

Sahraoui oan de bal tsjin NAC Breda © Orange Pictures
Osame Sahraoui makket mooglik syn basisdebút foar sc Hearrenfean yn de thúswedstriid tsjin Feyenoord. Al kin hy neffens trainer Kees van Wonderen noch gjin folsleine wedstriid spylje. "Osame krijgt van ons de tijd om te wennen."
Ofrûne wykein mocht Osame Sahraoui tsjin FC Utrecht nei santich minuten ynfalle. En ek yn it bekerduel mei NAC Breda mocht de 21-jierrige dribbeler noch efkes meidwaan. Van Wonderen tinkt dat Sahraoui útgroeie kin ta publyksfavoryt.
De trainer is ûnder de yndruk fan syn nijste oanwinst: "Hij is een creatieve speler die in staat is om in een kleine ruimte iets te creëren, daar kijken we met z'n allen graag naar. Hij kan het publiek echt op de banken krijgen."
Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen tinkt nei oer in basisplak foar Osame Sahraoui
Van Wonderen sjocht dat Sahraoui noch net op syn bêst is: "Hij is nu anderhalve week bij ons, dus hij moet nog wennen aan een andere omgeving en aan een andere manier van spelen. Daar moet hij ook de tijd voor krijgen en die krijgt hij ook. Hij kan starten al denk ik niet dat hij de negentig minuten vol kan maken."

Teloarstellende resultaten

De resultaten fan Hearrenfean binne de lêste wiken teloarstellend. Fan de lêste fiif kompetysjewedstriden waarden der fjouwer ferlern. Allinnich thús tsjin FC Groningen (3-1) waard wûn. Dy minne searje soarget by Kees van Wonderen foar pine yn 'e holle.
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en Feyenoord set sneintemiddei om 14.30 oere útein. It duel is live te folgjen op de radio yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar komt fan Arjen de Boer.
"Elke nederlaag vind je vervelend, maar dat heeft ook te maken met de fase waar we in zitten. We hebben een aantal blessures en er zijn een aantal vertrokken", seit de trainer fan Hearrenfean. "We moeten nu middenin de competitie de nieuwe jongens inpassen, dat is niet eenvoudig."
Feyenoord is mei trainer Arne Slot dwaande oan in prima seizoen. De Rotterdammers binne de koprinner fan de earedivyzje en boppedat binne se noch aktyf yn sawol de Europa League as de KNVB-beker.
Sinds een hele lange tijd is Feyenoord nu de club die het hoort te zijn.
Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen oer de tsjinstanner fan kommende snein
Van Wonderen wie as spiler acht jier aktyf foar de klup út Rotterdam: "Ik ben heel lang erg kritisch geweest op Feyenoord. Op papier zijn ze een topclub, maar eigenlijk waren ze dat nooit. En dat zijn ze nu wel. De manier van werken en van spelen, hoe ze jonge jongens opleiden. Nu betaalt zich dat uit op de stand van de ranglijst. Sinds een hele lange tijd is Feyenoord nu de club die het hoort te zijn."

Tradisjonele top trije

By syn presintaasje as nije trainer fan Hearrenfean hat Van Wonderen sein dat hy dit seizoen graach nochris fan in klup út de tradisjonele top trije winne wol. Om dat te realisearjen hat hy noch twa kânsen.
Dochs sjocht Van Wonderen dat krekt wat oars, sa laket hy: "De vraag was, win je liever van Cambuur of van een club uit de top drie. Ik koos voor het laatste. Het lijkt mij mooi om te winnen van een topclub die in alles veel meer mogelijkheden heeft. PSV hebben we al gehad, Ajax krijgen we nog en nu komt Feyenoord op bezoek."